Fan nachttreinen oant dielfytsen: reizgersferiening hat winskelist foar provinsje

De bus nei it stasjon fan It Hearrenfean © ANP
Reizgersorganisaasje Rover hat in flinke winskelist ynlevere by de provinsje. Yn in brief ropt Rover de nije koälysjepartijen op om de beurs te lûken foar it iepenbier ferfier.
De berikberens yn Fryslân stiet flink ûnder druk, sa warskôget de organisaasje. Troch besunigingen is it iepenbier ferfier flink útklaaid, wylst tagelyk de ferwachting is dat it ferkear tanimt mei de nijbouplannen fan de provinsje.
No't de ferkiezingen west hawwe en der ûnderhannele wurdt oer in nij koälysje-akkoart, hat Rover in brief oan Provinsjale Steaten skreaun mei in flink tal konkrete foarstellen.

Fokus op bussen

De provinsje soe op koarte termyn de fokus op bussen lizze moatte, sa fynt Rover. It pleitet foar mear flugge bustsjinsten tusken stêden en doarpen. Boppedat fynt Rover dat bussen ek mear yn bûtenwiken komme moatte en net allinne op sintrale stasjons ride moatte.
In trein op it stasjon yn Ljouwert © ANP
Rover wol dat bussen op folle mear plakken foarrang krije, troch bygelyks mear busstripen en automatyske foarrang by krúspunten.

Prizen en opstapplakken

Nei stasjons ta soene goede trochfytsrûten komme moatte, mei koarte rinôfstannen nei de opstapplakken ta. Dêr't gjin regulier iepenbier ferfier mooglik is, moatte tagonklike alternativen komme mei in reservearringstiid dy't sa koart mooglik is.
Direkteur Freek Bos fan Rover © Rover
Rover wol graach dat de tariven foar it iepenbier ferfier net fierder ferhege wurde. Ek wol it ien abonnemint foar bussen en treinen fan alle ferfierders. It soe boppedat goed wêze om dûbelde opstaptariven te skrassen (de kosten dy't je meitsje by it oerstappen tusken ferfierders).

'Mobiliteitsakkoart'

Rover wol in 'provinsjaal mobiliteitsakkoart.' Dêryn moatte ôfspraken komme mei wurkjouwers en it ûnderwiis. Sa kinne lestiden oanpast wurde oan de hân fan de spits en bedriuwen kinne wurknimmers freegje net mei de auto te kommen. Mooglik soene bedriuwen ek meibetelje kinne om bygelyks bussen op bedriuweterreinen ride te litten.
Fierder wol de organisaasje reizgjen tagonkliker meitsje (bygelyks foar minsken mei in beheining), lettere ferbiningen (ek foar it stappublyk yn it wykein) en gjin 'omchecke' mear tusken ferskate spoarferfierders.
De lanlike reisorganisaasje hat by eltse provinsje eigen foarstellen ynlevere.
Oare opfallende foarstellen fan Rover:
- Ek op lytsere stasjons moatte dielfytsen beskikber komme
- Opstappers moatte leechdrompeliger, fia de OV-chipkaart, better betelber en 24 oeren deis te reservearjen wurde
- Der moatte Q-liner-halten oan de A7 komme
- Der moat in nije Q-liner tusken Drachten en Emmen komme (ek fia Easterwâlde)
- It stasjon op It Hearrenfean moat in upgrade krije
- Stiens moat bettere busferbiningen krije
- De frekwinsje bussen tusken It Hearrenfean, Drachten en Grins moat omheech
- In nachttrein tusken Ljouwert-Grins en Ljouwert-Zwolle yn it wykein
- In ferdûbeling fan it spoar tusken Dronryp-Frjentsjer en Ljouwert-Feanwâlden
- Op mear trajekten elts healoere in trein yn it wykein
- De stoptrein Grins-Ljouwert fia in ekstra perron trochride litte nei It Hearrenfean
- Stasjon Ljouwert Werpsterhoeke oanlizze en stasjon It Hearrenfean Thialf faker brûke
- Lobby by it Ryk foar it oplossen fan knyppunten tusken Zwolle-Meppel
- De provinsje moat him ynsette foar de Lelyline tusken Fryslân en de Rânestêd
- Helje de fiif brêgen út it trajekt Ljouwert-Meppel wei
- Mear treinen moatte elektrysk ride (no docht allinne Ljouwert-Zwolle dat)