Gemeente lit pleatsing gastank op begraafplak Stiens weromdraaie

Gemeente Ljouwert hat besletten dat de gastank op it begraafplak fan Stiens wer fuorthelle wurde moat. Der wie opskuor ûntstien by neibesteanden en omwenners.
De FNP hie koartlyn fragen steld oer de situaasje. It kolleezje hat yn reaksje witte litten dat de tank wer fuorthelle wurde moat troch de tsjerke. De fraksje hie fragen steld nei't neibesteande Neeltje Brouwers in oprop dien hie. Har heit leit op it tsjerkhôf by de Sint-Fitustsjerke, ticht by de gastank.
Brouwers wie net te sprekken oer de gong fan saken en is fan betinken dat in gastank net op in monumintaal begraafplak heart. Ut namme fan neibesteanden hat sy in beswier yntsjinne by it kolleezje. Fierder binne der by omwenners hantekeningen ophelle.
Easken foar de pleatsing
It kolleezje fan tsjerkerintmasters hie frege om de tank foar de kommende fiif-seis jier stean te litten as oerbrêging. Der soe net in oar geskikt plak foar wêze op it begraafplak om't der in bepaalde ôfstân ta gebouwen en de strjitte wêze moat.
Om it minder opfallend te meitsjen hie de tsjerke der wol in stek omhinne set, dêr't klimop groeie koe. Op dy wize besocht de tsjerke syn bêst te dwaan sa min mooglik minsken ta lêst te wêzen.
De gemeente hat him oer de juridyske prosedueren bûgd oangeande de pleatsing en kaam ta de konklúzje dat de pleatsing weromdraaid wurde moat.