Partijen ûnderhannelje op bûtenlokaasje oer koälysje-akkoart: "Nûget út om wat nijs te meitsjen"

De lokaasje dêr't ûnderhannele wurdt © Omrop Fryslân
BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie sille yn paviljoen De Leijen by De Rottefalle ûnderhannelje oer in koälysje-akkoart. Dat hat formateur Oebele Brouwer woansdei bekendmakke.
It paviljoen leit oan de mar en tusken de fûgels. Dat moat de partijen ynspirearje om ta in goed akkoart op haadlinen te kommen. "It moat net in gewoane gearkomste wêze yn de kantine fan it provinsjehûs. Moatst se efkes apart hawwe yn in omjouwing dy't útnûget om wat nijs te meitsjen."
"Polityk hoecht net altyd dreech te wêzen", seit formateur Oebele Brouwer
Foar eltse partij dogge twa Steateleden oan de petearen mei. Sy moatte it programma en it team foar de kommende fjouwer jier bouwe. "It binne freonlike en belutsen minsken dy't elkoar wat gunne", sjocht Brouwer. "Der wurdt lake en konstruktyf meitocht. De polityk is net allinnich mar dreech, soms moatst der ek wat luchtichheid by smite."
Hoe lang it duorret foardat der in akkoart leit, wit Brouwer net. Neffens him giet soarchfâldichheid foar faasje. "It soe moai wêze as it net tiden en tiden duorret, mar ús earste oertsjûging is: it moat goed."