Scooterrider op 'e flecht foar de plysje springt yn it wetter

In bestjoerder fan in scooter is by Drachten it wetter yn sprongen. Hy besocht sa te flechtsjen foar de plysje.
De man krige in stopteken fan de plysje, mar naaide doe út. Der ûntstie in efterfolging tusken de scooterrider en meardere ienheden fan de plysje.
Uteinlik besleat de man de scooter efter te litten. Hy draafde by minsken troch de tún yn en sprong yn it wetter om sa út hannen fan de plysje te bliuwen.
Doe't er ienkear yn it wetter lei, besleat er dochs mar werom te swimmen. Hy waard doe oanholden. Wêrom't de scooterrider útnaaide, is net dúdlik.