It moat dien wêze mei it kluphoppen tusken Ljouwerter fuotbalploegen, fynt FVC Ljouwert

It haadfjild fan FVC op Wiarda © Orange Pictures
Fuotbalklup FVC fan Ljouwert wegeret om noch langer mei te dwaan oan de race om goede fuotbalspilers by oare klups wei te heljen. Dat seit foarsitter Gerrit Wijbenga fan de klup.
Neffens him komt it fenomeen hieltyd earder yn it seizoen op gong en ûntkomme je as klup hast net mear oan de fisieuze sirkel.
"Der binne ferienings yn Ljouwert dy't bern staazje rinne litte foar seleksjeteams. De bern bern bliuwe dêr dan hingjen", seit Wijbenga. Klups as Blauw Wit'34 en Leeuwarder Zwaluwen brûke sosjale media om op dizze wize nije leden oan te lûken. "Dat soarget foar in hiel soad ûnrêst, dan tinke teamgenoaten 'aanst giet dy en dy ek fuort'", seit Wijbenga.

Net goed foar stabiliteit

FVC sjocht dat it fenomeen de lêste jierren hieltyd breder wurdt: pupillen oant junioaren wurde by klups weihelle.
"Asto spilers staazje rinne list - dat is harren goed rjocht - dan hâldt dat yn dat miskien ien fan de eigen klupjonges, net yn dat team komt te fuotbaljen. Dat is altyd teloarstellend as der ien op staazje komt dy't better is. Dan hoppe oaren wer troch nei oare klups yn de stêd, dêr'tst dan miskien itselde fenomeen krijst. En dy kultuer is net goed foar de stabiliteit."

Is it gers griener?

Sels docht de klup dêrom net mei oan it soarte fan 'cherrypicking', ek al soene sy dêrmei bettere teams krije kinne. "Wy hawwe talint genôch en binne wiis mei ús eigen spilers. As wy de groepen byinoar hâlde en der komme nije leden by, dan kinst mei de trainingsfasiliteiten dy't wy oanbiede, sels as groep nei dat nivo ta groeie. Moatst spylje nei it nivo fan de spilers."
Boppedat betwifelet Wijbenga oft it wol nofliker is by de oare klups, dêr'tst op in heger nivo spylje kinst. "Wy wolle minsken wat bewust meitsje, âlders foaral en minsken binnen de klup. Fansels is jo soan of dochter hiel goed mar dat wol net sizze dat dy nei in klup moat dêr't op divyzjenivo fuotballe wurdt. Want is it dêr wol sa leuk? De maten fan de klup dêr't sy no sitte, moatte sy dan bygelyks misse."

Woarst

Yn in artikel op de website fan FVC ropt de klup spilers dan ek op om harren net in 'dikke vette worst' foarhâlde te litten. "Het gras blijkt meestal niet écht groener of juist écht niet groener bij de andere vereniging", skriuwt de klup.
Minsken dy't lid wurde wolle fan FVC, krije neffens de klup gjin woarst foarholden, mar by oanmelding leit der wol in 'ludiek droog Fries worstje' foar harren klear.