Fan grientesaakje nei supermerkketen: Poiesz bestiet hûndert jier

© Omrop Fryslan
De oranje-griene supermerk is foar in soad minsken in fertroud byld yn Fryslân, al wurdt de namme nochal ris op ferskate wizen útsprutsen. Dit jier bestiet de Poiesz hûndert jier, dêryn binne sy groeid fan 1 nei 72 festigingen.
It begûn allegear yn 1923 mei in grientesaak fan 12 kante meter oan de Havensstrjitte yn Snits, iepene troch Lodewijk Poiesz en syn frou Wietske. Al gau waard dat te lyts en ferhuze de grientewinkel nei Grootzand nûmer 30.
Poiesz fiert it 100-jierrich jubileum
"Dat heeft in 1938 de eerste opmaat gegeven naar een supermarkt, naast de zuurkool werd daar ook al de worst verkocht", fertelt algemien direkteur Piet Smit. Yn 1962 wie de earste supermerk dan echt in feit. Efkes fierderop waard in nij pân oankocht, klanten moasten net mear nei de toanbank mar mochten sels de boadskippen pakke.

Persoanlik bliuwe

"Die beweging was voor velen wel even wennen", seit Smit. "Dan kwamen klanten bij de kassa maar konden dat soms niet eens betalen." Hy neamt dy stap nei it wurden fan in supermerk yn dy tiid in 'vuurdoop', in 'noviteit'. Yntusken is dat fansels de normaalste saak fan de wrâld wurden.
Piet Smit, de algemien direkteur fan de Poiesz © Omrop Fryslan
De supermerk is sels bot groeid, op dit stuit hawwe sy 72 festigingen. De krêft fan de Poiesz is neffens Smit dat sy persoanlik bliuwe, mar hoe kin dat noch mei safolle lokaasjes? "Zorgen dat je je klanten kent, we zijn landelijk redelijk klein, maar in Noord-Nederland marktleider en dat is de kurk waarop we drijven."

Festiviteiten

Der binne aardich wat festiviteiten pland yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean. In dokumintêre, in jubileumboek, in grut feest foar alle meiwurkers yn it WTC en aksjes foar de klanten fan de winkel. "Het is twaalf maanden feestvieren, we eindigen met een groot open huis voor alle medewerkers in Sneek om te kijken wat er achter de schermen gebeurt."
Pân oan it Grootzand dêr't de Poiesz in supermerk waard © Omrop Fryslan
Dat de famyljewinkel oernaam wurde moat of omfalle sil, dêr't eksperts foar warskôgje, is Smit net bang foar. "Poiesz is een gezond bedrijf, dat gaat absoluut niet gebeuren. We hopen eerst 125 jaar te vieren maar daarna hopelijk 200 jaar."