Darter Danny Noppert oefenet mei krektere pylken: "Ynteressant foar de takomst"

Danny Noppert mei syn fêste pylk © Orange Pictures
Undersikers fan de Technyske Universiteit fan Delft hawwe in dartpylk ûntwikkele dy't mooglik minder gefoelich is foar flaters fan de darter. Fiif lanlike topdarters wêrûnder de Jouster Danny Noppert mochten de pylken tiisdeitejûn teste.
De dartpylk soe 50 persint krekter wêze as de gewoane pylken dy't hjoed-de-dei brûkt wurde. Noppert is noch net fuort entûsjast. "We hawwe der in middei west en ast in nij setsje pylken hast, bist der net fuort mei fertroud. Mar foar de takomst kin it bêst wol ynteressant wêze."

Dartsrobot

Om de baan fan de pylk te analysearjen, ûntwikkelen ûndersikers op it mêd fan loft- en romtefearttechnyk in dartsrobot dy't de pylk konsistint smyt. Troch lytse flaters te simulearjen, koe de gefoelichheid fan de pylk bestudearre wurde.
"Soks is yn de dartswrâld net gebrûklik", leit dartsekspert Mats Gies út. "De measte darters binne der ek net mei dwaande. As se ien kear in setsje fûn hawwe dat by se past, dan bliuwt it faak itselde."

Alle kearen 180?

Foar it profesjonalisearjen fan de sport binne de nije pylken in goede saak, seit Gies. Al sit der ek in oare kant oan: "Wat is der oan as eltsenien altyd alles raak smyt? Der wurdt al in ferliking makke mei bowlen, dêr is eltse beurt in strike, is dat dan wol aardich om te sjen?"
Dochs tinkt Gies dat it safier earst noch net komt mei de dartssport. "In dartspylk is mar in lyts ûnderdiel fan de sport. It mentale part is ek hiel wichtich. It giet derom datst it op it poadium ûnder hege druk sjen litst.