Aldste beam fan Snits yn tún fan it Skipfeartmuseum kapt: "Als deze boom kon praten..."

De âlde bûkebeam yn de binnentún fan it Skipfeartmuseum © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
It is miskien wol de âldste beam fan Snits. Woansdeitemoarn is begûn mei it fuortheljen fan in twahûndert jier âlde reade bûk út de binnentún fan it Skipfeartmuseum yn Snits. De beam is oantaaste troch sykte. Dêrtroch wie it gefaar ûntstien dat de beam by hurde wyn omwaait op it museum.
It is in yndrukwekkend gesicht woansdeitemoarn. In grutte, giele kraan stiet op 'e Bothniakade yn Snits. De earm fan de kraan komt heech boppe de gebouwen fan it Skipfeartmuseum út. Yn de binnentún fan it museum stiet de reade bûk, dy't tûk foar tûk út inoar seage wurdt troch beamfersoarger Robbie Terpstra.

Reuzeswam

"De beam is oantaaste troch in reuseswam. Dêrtroch rotsje de woartels fan de beam fuort. Dat soarget foar ynstabiliteit en dat is gjin goeie kombinaasje mei hurde wyn. Dan kin er samar omfalle."
Snits rekket iuwenâlde beam kwyt
Terpstra sjocht de beam eins as in grutte puzel. "De beam moat yn lytse stikjes út inoar. Dus sa op it earste each moat ik sa'n tweintich stikken út de beam seagje dy't ien foar ien út de beam helle wurde", sa leit hy út. "Dy tille we dan ek stik foar stik oer it museum hinne nei de strjitte ta. Hjoed wolle we dan safolle mooglik fan de beam fuorthelje, en dan komme we moarn (tongersdei, red.) werom foar it stik dat ûnder de grûn sit."

'Spectaculair plaatje'

De beamfersoarger lit him mei de kraan nei it boppestik fan de beam tille. Wannear't hy oan de earste tûk begjint mei syn kettingseach, docht hy dat ûnder tafersjoch fan direkteur Hester Postma fan it Skipfeartmuseum, dy't feilich yn de tún fan it museum stiet en nei boppe sjocht. "Toch wel een spectaculair plaatje hoor", seit se. "Om die mannen zo bezig te zien hoog in de boom."
Beamfersoarger Robbie Terpstra hinget by de beam © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
Postma fynt it tige spitich dat de beam fuort moat: "We nemen afscheid van een mooie boom waar we toch wel gehecht aan zijn bij het museum. De boom is rond 1820 geplant door de eigenaar van het pand dat inmiddels onderdeel is van het museum. Inmiddels is het echt een grote reus geworden. Ze zeggen wel eens, wat als muren konden praten maar ik denk wel eens wat als deze boom kon praten..."

Gjin definityf ôfskied

Tiisdei wie der in momint organisearre foar wa't dat woe om ôfskied te nimmen fan de beam. "Daar kwamen een paar mannen op af, dik in de zeventig, die hier vroeger op de Thomas van Aquinoschool hebben gezeten", fertelt Postma. "Dat gebouw is inmiddels onderdeel van het museum, maar zij hebben hier nog tikkertje om de boom gespeeld toen hij onderdeel was van het schoolplein."
Direkteur Hester Postma fan it Skipfeartmuseum © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
By it museum hoopje se dat it kappen fan de beam gjin definityf ôfskied betsjut. Want, mei wat gelok komt de beam yn de takomst miskien wol werom nei Snits ta, sa hopet de direkteur. "We laten een aantal takken enten om te kijken of we er een nieuwe boom van kunnen kweken. Daarnaast hopen we een deel van de stam te kunnen bewerken tot bijvoorbeeld een grote stamtafel voor in het museumcafé."