MFC De Jister yn Easterlittens út de skroeven mei ferduorsumingsjild fan provinsje

© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Tweintich projekten yn Noardwest-Fryslân krije subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje. Mei-inoar giet der hast 235 000 euro nei projekten foar it ferbetterjen fan de leefberens yn de mienskip. It multyfunksjoneel sintrum De Jister yn Easterlittens krijt de grutste bydrage: 75 000 euro. Grutte plannen hawwe sy mei it jild.
"Wy binne út de skroeven mei it bedrach", seit bestjoerslid Aad van der Burg. "Wy kinne it goed brûke, hawwe in moai plan yntsjinne dus dit is in stik bûter yn de brij." It jild út it mienskipsfûns is bedoeld om bygelyks doarpshuzen en boarterspleinen te fernijen en ferduorsumjen.
En dat binne sy yn Easterlittens ek fan doel: folle mear sinnepanielen, waarmtepompen, in nije flier, in renovearre hûske, sa sommet Van der Burg op. "Wy wolle fan it gas ôf en mei de sinnepanielen alle stroom opwekke dy't wy brûke."

Tagonklikheid

Boppedat moat it sintrum tagonkliker wurden, foar minsken dy't minder goed rinne kinne bygelyks. "Der moat in minderfalidehúske komme en in treplift nei de boppeseal. Wy sjogge nammentlik dat de fergrizing tanimt yn Easterlittens en wolle dat eltsenien de mooglikheid krijt om mei te dwaan mei de aktiviteiten."
De ferbouwing moat yn totaal 2 ton kostje, dat slagget dus net allinnich mei it jild fan de provinsje út. "Gelokkich hawwe wy dêrnjonken fan de gemeente Ljouwert in moai bedrach krigen út it Mienskipsfûns. It coronasteunfûns biedt ek mooglikheden en sels kinne wy by mekoar 40 000 euro ynbringe", seit Van der Brug.

Finansjeel op de rit

Fierder hat it MFC noch in oantal oanfragen rinnen, dêr't nei alle gedachten ein april, begjin maaie útslútsel oer komt. "Dat soe betsjutte dat wy finansjeel de saak aardich op de rit hawwe."
De bou sil 1 juni los, sa as it no liket. In jier binne sy dwaande it MFC ûnder hannen te nimmen. "Us ynstek is sa dat wy de wurksumheden sa folle mooglik dogge yn perioades dat der minder gebrûk fan makke wurdt fan De Jister. Yn fakânsjes bygelyks, mar wy wolle it sa folle mooglik beheine want it libben yn Easterlittens moat sa folle mooglik trochgean kinne."
Ynkoarten kin der opnij subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje oanfrege wurde, foar projekten foar it ferbetterjen fan de leefberens. De oanfraachperioade rint fan 24 april oant en mei 11 maaie.