Friso Snits wol titel pakke tsjin Utrecht: "Ik zie een hecht team dat fysiek heel sterk is"

Friso Snits yn de wedstriid dêr't sy de kampioenspûl wûnen © Dijksmedia
Suksescoach Vera Koenen fûn dat der te min kwaliteit yn de seleksje siet, mar sûnder har berikten de follybalfroulju fan Friso Snits dochs de finale. Hjiryn nimme se it jûn foar it earst op yn in best-of-five tsjin Booleans/ VV Utrecht DS.
Foar Nynke Oud, spylster fan it hjoeddeistige Friso Snits, is it net de earste kear dat se yn de finale stiet, mar dochs bliuwt it in bysûndere ûnderfining foar har.
"Toen we twee keer achter elkaar landskampioen zijn geworden, in 2015 en 2016, was ik er ook bij. Voor mij is het nu dus de derde keer dat ik meestrijd om het landskampioenschap, maar ik beleef het nu heel anders dan toen. Mijn rol binnen het team is namelijk veranderd en dat maakt het deze keer wel extra speciaal voor mij."
Yn 2015 wie se noch ien fan de jonge fammen, mar yntusken is se mei in leeftiid fan 29 jier, de meast betûfte spylster. "Als ervaren kracht moet je, samen met een paar andere meiden, de stabiele factor in het team zijn. Wij moeten ervoor zorgen dat er een goede basis ligt. Ook al moet ik zeggen dat de jonge meiden zich prima redden hoor."

Sukses yn de jierren 80

Foar wa't it normaal wie om kampioen te wurden is Erna Brinkman. Sy spile, op it lêste jier nei, yn it tige suksesfolle team dat fan 1985 oant 1992 acht kear kampioen fan Nederlân waard. "Als het niet goed ging met VC Sneek in de competitie, dan was dat vrij raar."
Se groeide op yn Snits en rôle út de jeugd wei sa troch nei it earste team. "Ik had het geluk dat ik in Sneek geboren ben en daardoor in de jeugd altijd al training kreeg van goede trainers. Dat ging tot en met de senioren zo door. Toen ik bij het eerste kwam zaten we in een periode dat het heel normaal was om kampioen te worden", seit Brinkman.
Het werkte toen, maar je wil niet weten hoe ik er daardoor nu bij loop op mijn vijftigste!
Erna Brinkman
It follybal fan doe wie hiel oars as hoe't it tsjintwurdich spile en belibbe wurdt. "Door Hans van Wijnen en Martje de Vries werd het volleybal bij ons professioneler. We gingen elke dag trainen en begonnen zelfs met krachttraining."
De krêfttrainingen dy 't se doe krigen soene se tsjintwurdich nea wer brûke seit Brinkman. "Het werkte toen, maar je wil niet weten hoe ik er daardoor nu bij loop op mijn vijftigste!", laket de âld-spylster fan VC Snits.
Nynke Oud yn de wedstriid dêr't Friso Snits de kampioenspûl wûn © Dijksmedia
Ien dy't dy wize fan wurkjen him wierskynlik net mear foarstelle kin is de takomstige trainer fan Friso Snits froulju 1 Erik Reitsma. Hy is no noch ynterim-trainer by Somas Activia yn Noard-Brabân, mar nimt fan takom seizoen ôf it stokje oer fan Harry van den Brink. Reitsma is ûnder de yndruk fan syn nije klup. "Ik was er afgelopen zaterdag even en dat was fantastisch. Een uitverkochte hal, dus de sfeer was geweldig."

Takom seizoen

Takom seizoen is hy trainer, mar no is er noch foaral fan. "Het is een goed team met leuke speelsters. Ik kan ze beter leren kennen. Echter ga ik er niet te veel inhoudelijk naar kijken, omdat ik vorig jaar weleens tegen ze heb gespeeld als coach. Ik ga er vooral van genieten, want ik denk dat het echt leuke potjes gaan worden."
Friso Snits is boppe-oan einige yn de kampioenspûl en hat thúsfoardiel yn de finale tsjin VV Utrecht. It is in best-of-five. VC Snits spilet woansdeitejûn om 20:00 oere yn Snits de earste wedstriid tsjin Booleans/ VV Utrecht. Sneon is de twadde wedstriid yn Utrecht. Nije wike sneon de tredde yn Snits. In eventuele fjirde wedstriid is in wike letter wer yn Utrecht en in eventuele beslissende fiifde wedstriid op 13 maaie yn Snits.

Kânsen tsjin Utrecht

De talintfolle trainer tinkt dat it team op deselde hichte stiet as Booleans/ VV Utrecht. "Ik zie een hecht team dat fysiek heel sterk is, dat hoge pieken kan hebben. Maar aan de andere kant heeft Utrecht ook een sterk team."
Oan in foarsizzing wol Reitsma him dan ek net weagje, omdat dat allinnich mar foar mear druk soarget.
Neffens Nynke Oud lizze der seker kânsen foar har team. "Het gaan spannende potjes worden, gezien de historie tussen beide ploegen dit seizoen. Het zal afhangen van de vorm van de dag en wie er het beste met de druk kan omgaan."