Tirnzer Jildou van der Werf genietet yn Nij-Seelân fan natuer en romte

Yn de bergen yn Nij-Seelân © Omrop Fryslân
Troch in fakânsje bedarre de Tirnzer Jildou van der Werf oan de oare kant fan de wrâld. Yn Nij-Seelân genietet se folút fan de natuer en romte.
"Doe't ik in jier as 16 wie ha ik hjir mei ús heit en mem en famylje op fakânsje west", fertelt de 28-jierrige Friezinne. "Ik fûn it hjir sa prachtich, hast hjir in moaie natuer en it is hiel rêstich hjir."
"Ik kin my noch goed heuge dat as we moarns nei de supermerk gongen, dat de minsken yn in badjas omrûnen. Doe tocht ik: dat libben wol ik ek." En dat libben hat se ek keazen.

Biotechnology

Se gie der earst wer hinne foar har stúdzje. Doe't se der trije jier lyn wer hinne woe, koe dat fanwegen corona net. Ferline jier augustus makke se de stap wol: se docht in PhD Biotechnology yn Nij-Seelân. "Ik wenje hjir mei twa oaren, it is hjir hiel gewoan om in keamer te hieren, ek ast in saneamde working professional bist."
Jildou van der Werf © Omrop Fryslân
Njonken har PhD besteget se har frije tiid benammen bûtendoar. "Ik bin hast altyd bûten te finen mei myn freonen. Der binne sa'n soad moaie bergen. De oerheid hat hjir 15.000 berchhutten dêr'tst foar fiif euro de nacht yn sliepe kinst. Mei in sliepsek en iten mei kinst hjir samar trije wiken yn de bergen omkuierje."

Werom nei Fryslân

It foldocht Van der Werf dêr sa goed, dat se net mear werom wolle soe nei Fryslân. "Ik wit net oft Nij-Seelân it plak is dêr't ik foar altyd wenje wol, mar ik wit wol dat yn de natuer wêze en it frij wêzen my hiel goed docht. Yn Fryslân hast dat net echt."
Wol komt se út en troch werom om har famylje en freonen te sjen. "De lêste kear dat ik der wie wie yn augustus. Gjinien wist doe dat ik weromkaam, allinnich myn broerke. As ferrassing stie ik doe ynienen by heit en mem yn de keuken. Oer twa jier sil ik der wer ris hinne."