De toan fan Froukje Sijtsma: "Keapsegels foar myn pensjoen"

Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"Wilt u er ook koopzegels bij?", frege in kassafamke my in skoft lyn yn de supermerke. Ik fielde my fuort misledige.
Net allinnich troch it wurdsje 'u', mar ek om't ik blykber ynskaald waard yn de leeftiidsgroep dy't ynteresse hawwe soe yn keapsegels. En sa'n âld fel wie ik dochs ek noch net?
Doe't ik yn myn studintetiid as kassjêre wurke, krige ik de ynstruksje dat ik dy fraach allinnich oan klanten fan 55+ hoegde te stellen. Dat wie blykber de doelgroep dy't tiid hie om segelboekjes fol te slikjen.
De toan fan Froukje Sijtsma
"Jeetje, fynst my der al sa âld útsjen datst tinkst dat ik keapsegels hawwe wol?", sei ik freonlik tsjin it famke. Se begûn te laitsjen. "Dat was vroeger inderdaad zo, maar tegenwoordig kopen ook heel veel jonge mensen koopzegels, hoor. Je krijgt namelijk omgerekend zes procent rente en dat is veel meer dan wat de gemiddelde bank geeft."
Har opmerking wie blykber op it sear. As jong famke wolst der wol graach wat âlder útsjen en as jonge frou fynst dat dy kraaiepoatsjes ek wol opkrasse kinne. As ik foto's fan mysels as jongfaam ferlykje mei dy fan my as mem, dan kin ik konkludearje dat de brutsen nachten en ier en betiid fan bêd komme syn tol easke hawwe. Of ik dat no leuk fyn of net.
Dochs fiel ik my fan djip fan binnen jonger as dat ik werklik bin. Dat die ôfrûne wykein ek mar wer bliken op it festival Brêgepop. Yn myn foarige kollum fertelde ik al dat ik dêr dit wykein efter de bar stean soe.
Op freedtejûn ferskynde der in jonge fan in jier as twintich oan de taap. "Mei ik fan jo wol trije bier?", frege er. Ik sei: "Leave, stel dy fraach earst mar ris wat fatsoenliker oan dizze jonge blom. Oars krijst fan my gjin bier."
De jonge lake en sei: 'Hasto ek trije bierkes foar my? Ik woe dy gjin ferfelend gefoel jaan hear, mar as minsken âlder as my binne, sis ik faak gewoan 'jo'.' Ik komplimintearre de jonge dat er mar kreas grutbrocht wie en joech him glimkjend syn bier.
Op sneontejûn kaam de altyd fleurige Dirk, in kameraman fan de Omrop, mei wa't ik befreone bin, del op it festival. Hy en syn frou hawwe Abraham en Sara al sjoen, mar dat omearmje se folslein. Mei in drankje stienen we mei ús trijen hearlik te dûnsjen yn de Silent Disco.
Fierderop yn de tinte mei dancemuzyk stienen wy - nei alle gedachten yn de eagen fan de teeners fan no - te bewegen mei de 'moves' fan it begjin fan dit millenium. Mar: wy hienen wol in hiel soad wille en gie it dêr úteinlik net om?
'Age is just a number' wurdt hiel faak sein. En eins meist dyn leeftiid ek gewoan akseptearje. Mar om my wol alfêst ta te rieden op myn oansteande pensjoen, bin ik koartlyn -op advys fan in leeftiidsgenoat - begûn mei de ynvestearring yn keapsegels.
Neat gjin geslik en gefliber oan segeltsjes. Ik sparje se digitaal. En boppedat automatysk as ik myn koartingskaart scan, en dus krij ik no noait mear de fraach oft ik ek keapsegels sparje."