Jongelju yn azc Sint Anne krije klean om der wer kreas by te rinnen

De doazen stean klear om ferfierd te wurden © Omrop Fryslân
De minderjierrige flechtlingen dy't yn it azc fan Sint Anne wenje, krije dizze wike klean fan it projekt Buurvrouw & Buurvrouw fan Ljouwert. De jonges út Syrië, Afganistan en Eritreä ha sels te min truien, broeken en skuon.
"Se wolle krekt as ús eigen bern kreas nei skoalle", seit Sippie van der Meer. Sy is manager fan de ôfdieling AMV (Alleenstaande Minderjarige Vluchteling).
Ynsammelaksje Buurvrouw
Om't der hieltyd mear minderjierrige flechtlingen nei Nederlân komme, is it azc yn Sint Anne frege om stipe te jaan. Sûnt maart wenje der dêrom 35 jonges tusken de 15 en 17 jier yn it opfangsintrum.
"Se binne hjir hast mei neat kaam. Dêrom is der grut ferlet fan klean", seit Van der Meer. Fia in meiwurker kaam se yn kontakt mei Buurvrouw & Buurvrouw yn Ljouwert, dat geregeld minsken yn need helpt mei as gedachte 'eltsenien is myn buorfrou of buorman.'
Sippie van der Meer
Der binne yntusken al in soad klean ynsammele. "Het is geweldig dat zoveel mensen op zoek gingen in hun kledingkasten. Er zijn zelfs nieuwe kleren ingeleverd van mensen die het vanuit het midden van het land hebben opgestuurd. ", seit Mirjam Dijkstra fan Buurvrouw & Buurvrouw.
De kleanbank hat in soad klean lizzen en hat dêrom in ynsammelstop. Dochs is dus wol dizze oprop pleatst: "Deze actie is puur gericht op deze 35 jongeren. Dat hebben wij in de winkel niet liggen. Zo kunnen de jongeren ook rondlopen in hippe kleding."
Buurvrouw en Buurvrouw oan de Marshalllaan, njonken Monkey Town © Omrop Fryslân
By Buurvrouw en Buurvrouw sit de planning al grôtfol. De winkel dêr't minsken fergees guod ôfhelje kinne oan de Marshalllaan, rint goed. Ek oare aktiviteiten kostje genôch tiid.
Dochs meitsje de Buurvrouwen graach tiid frij foar dizze aksje, seit Hanneke Swart: "As wy der wat oan bydrage kinne, fine wy dat moai. It is echt net te leauwen hoefolle minsken reageerd hawwe. Der sitte gewoan klean by yn de nije ferpakking. Sa fiele dy jonges harren echt yn de tiid fan no.