Movacolor Snits is útroppen ta Fryske ûndernimming fan it jier

De winners op it poadium © VFO
It bedriuw Movacolor fan Snits is útroppen ta Fryske ûndernimming fan it jier 2023. It makket dosearapparaten foar fabrikanten fan keunststof produkten. De sjuery neamt it bedriuw in ambassadeur foar de provinsje.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok mocht de priis oerlangje oan Marc Aandeweg en Bas Nieuwenhuis fan Mocacolor. De priis fan Stichting Verkiezing Friese Onderneming van het Jaar wurdt alle jierren útrikt. By de bedriuwen is ûnder oare sjoen nei de bedriuwsfiering, de finânsjes en duorsumens.
De twa finalisten dy't krekt net op it earste plak einigen wiene Megahout fan Drachten en Nedcam Solutions fan It Hearrenfean.