Soargen by ynstânsjes oer ferkearsdeaden, mar ek ferdieldens oer de fytshelm

Kees Mourits fan Fietsersbond Fryslân © Omrop Fryslân
Ferskate Fryske organisaasjes hawwe noed oer it hegere tal ferkearsdeaden yn Fryslân. Dochs tinke it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân en Fietsersbond Fryslân oars oer de oanpak.
It Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) brocht tiisdei sifers nei bûten oer de tanimming fan it tal ferkearsdeaden yn Fryslân. Dy binne yn 2022 mei 25 persint tanaam nei 30 deadlike ûngelokken. Yn 2021 wiene it der noch 24.
"Elk ongeluk is er één te veel," seit ôfswaaiend deputearre Avine Fokkens. Sy is foarsitter fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid Fryslân.
"We zijn al jaren bezig om het aantal naar beneden te krijgen en als dat niet lukt, schrik je wel. Het is ondoenlijk om het niveau naar nul te brengen, maar daar moet je wel naar streven. Dat klinkt gek, maar een ongeluk ligt altijd op de loer en dat is moeilijk te voorkomen."
Ferskate reaksjes op de tanimming fan it tal ferkearsdeaden yn Fryslân
Benammen de sifers oer de fytsdeaden falt op. Fan de 30 deaden sieten der 11 op 'e fyts. De provinsjale polityk en de lanlike polityk set al jierren yn op it beheinen fan it tal ferkearsdeaden. Sy lûke dat fierder as allinnich de fytsers.
"Dat doen we met het aanpakken van de infrastructuur, maar ook het bevorderen van gedragen in het verkeer. We onderwijzen over het gevaar van drank en drugs op achter het stuur. We laten kinderen fietsexamen doen en we hebben een actie over de fietshelm. Dat mensen met korting een helm kunnen kopen. Toch denk ik niet dat het verplicht stellen van een fietshelm de oplossing is."

Helmplicht wurket net

It fytsersbûn is bot skrokken fan it tal deaden yn it ferkear. "Dat is gewoon veel te hoog," seit Kees Mourits fan Fietsersbond Fryslân.
It bûn tinkt lykwols net dat in helm de oplossing is. "Het gaat ook niet alleen om doden op de fiets, maar ook over automobilisten en voetgangers. Maar als je puur naar de fietsproblematiek kijkt, denk ik niet dat een helm helpt. Het is nog altijd zo dat de automobilist de fietser doodrijdt. Dit is blame the victim."

Elektryske fyts

De sifers soargje ek foar diskusje oer de elektryske fyts. Der sitte benammen 75-plussers by de ferstoarne fytsers. Dy groep pakt no earder de fyts, wylst se in gewoane fyts earder stean litte. "Dus ze zijn meer op de weg," seit Mourits.
In ûngelokje, it kin samar barre © ANP
"Maar dat vind ik niet direct een nadeel, want het is ook hartstikke gezond. Plus fietsen de ouderen ook veel meer, dus dan is het ook logisch dat een ongeluk meer op de loer ligt. Vroeger was het een rondje om de kerk, nu worden het serieuze kilometers."
Dan krije je ûnderweis ek mear problemen, tinkt er. "We moeten gewoon kijken naar het aanpassen van ons verkeer. Het is nu zo druk, doe alles op de schop."