BBB Fryslân fynt dat demisjonêr kolleezje te fier giet yn brief oer fee en wetterpeil

Fraksjefoarsitter Abel Kooistra (BBB) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
BBB Fryslân fynt dat it demisjonêr kolleezje te fier foarútrint op belied. Deputearre Steaten skriuwe yn in brief oan gemeenten oer it redusearjen fan de feesteapel en it ferheegjen fan it wetterpeil. BBB fynt it in 'nuvere passaazje.'
Fraksjefoarsitter Abel Kooistra hat it gefoel dat it hjoeddeiske kolleezje der noch wat trochhinne triuwe wol, foar't der in nij kolleezje sit. Yn dy nije koälysje komt de BBB, dy't yn Fryslân de grutte winner fan de ferkiezingen wie. Mar de formaasje is noch dwaande.

'Foarsortearjend kolleezje'

Deputearre Steaten hawwe yn in brief oan de gemeenten skreaun oer it Fries Programma Landelijk Gebied. BBB stroffele oer in passaazje yn dy brief oer it redusearjen fan de feesteapel en it ferheegjen fan it wetterpeil yn feangreidegebieten.
It kolleezje liket 'in foarskot te nimmen' op út te fieren maatregels, sa fynt de fraksje. BBB wol dat oare belanghawwende partijen derby belutsen wurde.
It Fries Programma Landelijk Gebied (FPLG) moat 1 july by it Ryk oanlevere wurde. Alle provinsjes binne frege om de grutte opjeften op it mêd fan stikstof, natuer, wetter en klimaat byinoar te bringen.
Yn dizze gebietsprogramma's lizze provinsjes fêst - sa is alteast de bedoeling - hoe't se de doelen op de punten helje wolle en watfoar maatregels der nedich binne. It idee is dat provinsjes it gebiet kenne en har ekspertize ynsette kinne foar in oanpak op maat.
"Wy fine dat dit mear by it nij te foarmjen kolleezje lizze moat", seit Kooistra. "Neffens my binne der oan de foarkant dúdlike prosesôfspraken makke mei minsken dy't meiskriuwe, dat soks net barre soe. Dêrom fine wy it wol nuver dat it no yn in brief oan de gemeenten stiet."
Kooistra seit dat it FPLG skreaun wurde moat op basis fan it hjoeddeiske feangreide- en stikstofprogramma. "Wy fernimme no wat rûs, om't der wat ekstra maatregels opnaam wurde dy't net yn dy programma's steane."

Wetterpeil

De brief smyt betizing op, sa fynt hy. "Safier't wy witte leit der al in feangreideprogramma mei hjir en dêr in ferheging fan it wetterpeil. Dêr is yn in earder stadium in beslút oer naam. Ynhâldlik fine wy dêr ek noch wol wat fan, mar dêr hawwe wy it no net oer. Wy fine it benammen nuver dat in demisjonêr kolleezje tsjin de gemeenten seit dat it wetterpeil omheech moat."
BBB is sels foar in 'fleksibel peilbehear.' Dêrmei bedoelt Kooistra dat it peil net generyk omheech giet. "Dat sil ek ús ynset wurde yn de formaasje." Yn it ferkiezingsprogramma skriuwt BBB Fryslân oer it HAKLAM-prinsipe: 'hoog als het kan, laag als het moet.'
Hoe heech moat it wetter yn it feangreidegebiet, dat is de fraach © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De BBB hat fragen steld oan it kolleezje, dêrmei lit de partij foar it earst de tosken sjen yn de provinsje. "Dat wurdt ek fan ús ferwachte", fynt Kooistra.
Hy hopet dat Deputearre Steaten ree binne om it konseptprogramma foar te lizzen oan Provinsjale Steaten. Hy fynt dat it konsept better ta besjen lizze kin.

Hoogland yn reaksje

Deputearre Douwe Hoogland lit yn reaksje witte dat er fynt dat de Steaten hiel goed meinaam wurde yn it proses. Op 31 maaie kinne sy noch sjenswizen yntsjinje en der hawwe ek foarljochtingsgearkomsten west.
Deputearre Douwe Hoogland © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Hoogland seit fierder him te rjochtsje op in peilferheging oant 40 sintimeter ûnder it meanfjild, al soe it op guon plakken noch wat heger kinne. En mei 1,5 oant 1,8 kij de bunder komme je neffens him al in hiel ein: "Minder fee, dat soe kinne. Litte wy it sa sizze: miskien gjin minder fee, mar wol mear lân ekstinisiver."
Minister Adema hie wat út te lizzen © ANP
Tagelyk brochten lanlike media tiisdei it nijs dat in Lânbou-akkoart stikkenrûn wêze soe. Boarnen soene tsjin De Telegraaf sein hawwe dat de belutsen partijen net tichter byinoar komme op krúsjale ûnderwerpen as dong, it gebrûk fan lânbougrûn en pestisiden.

Adema hat mear tiid nedich

Letter yn de middei joegen partijen dochs yn sân hasten oan dat it net stikkenrûn wie. Wol sei bygelyks Sjaak van der Tak fan LTO Nederland dat der tefolle yn rûntsjes draaid wurde soe. Hy wol healwei maaie mear dúdlikens. Minister Piet Adema jout oan 'mear tiid' en in 'ferdjippingsslach' nedich te hawwen.