Himpkweker Drachten sjocht syn winst ferfleanen as reek

In himpkweker fan Drachten moat de winst dy't er makke mei in risping oan de steat betelje. It giet om goed 10.000 euro, plus nochris 4.500 euro foar it ôftaapjen fan stroom. Dêrneist krige hy in wurkstraf fan 80 oeren.
De plysje die febrewaris ferline jier in ynfal yn it hûs fan de 45-jierrige man oan it Paardepad yn Drachten.
Dêr wiene alle himpplaten al weihelle, mar der lei noch wol ôffal en apparatuer. It wie dúdlik dat de fertochte koartlyn sa'n 100 oant 120 planten rispe hie. De rjochter hat de eask fan de offisier fan justysje folge.