As keningen en keninginnen hingje basiskoallebern yn it Fries Museum

© Kunstkade
Foto's fan ferskate basisskoalbern yn keninklike klean út de gemeente Ljouwert binne in moanne lang te sjen yn it Fries Museum. Se binne in ûnderdiel fan in échte eksposysje.
Bern fan basisskoalle De Greidefûgel út Baard hawwe elkoar op de foto setten mei as tema: Royals. Sy sjogge der hiel keninklik út: moaie jurken, kroanen op of in bûntkraach én fansels make-up. Sytse sit op De Greidefûgel en hat ek in foto makke dy't te bewûnderjen is yn it Fries Museum. Hy hat in soad oer fotografy leard. "Welke perspektiven der binne, hoe't it ljocht wurket of de ôfstân."
De bern hawwe de ôfrûne tiid les hân fan profesjonele fotografen en in masterclass fan Noorderlicht, bekend fan de ferneamde jierlikse fototentoanstelling.
Bern út Baard iepenje de fototentoanstelling en knippe it lint troch. © Wendy Kennedy
De learlingen krigen les fan fotograaf Willy Sybesma. "It wie in hiele entûsjaste groep en se woene fan alles probearje. Grutste útdaging wie om it net te yngewikkeld te meitsjen, oars heakje bern ôf."
De foto's binne noch oant en mei 14 maaie yn de hal fan it Fries Museum te sjen. De portretten binne makke yn it ramt fan FotoPodium, dat is in talintûntwikkelingsprogramma fan Kunstkade.