HEA! Advendo Slag & Vlag

HEA! Advendo Slag & Vlag
It entûsjasme spat der ôf by de leden fan Advendo Slag & Vlag. It showkorps hat in slachwurk- en in colorguardgroep spesjaal foar minsken mei in ferstanlike beheining. Mei in soad wille oefenje de leden op tromroffels of studearje oefeningen mei flaggeswaaien yn.
De 15 slachwurkers en de 18 colorguards oefenje tiisdeitejûns yn de sporthal yn Snits. Geregeld binne der optredens, ek yn kombinaasje mei it 'grutte' showkorps fan Advendo. Mei de oprjochting fan Slag & Vlag yn 2018 wie de muzykferiening de earste yn Nederlân mei sa'n groep spesjaal foar minsken mei in ferstanlike beheining.