Bewege as terapy: bokse mei de psycholooch

Aaklike foarfallen sitte net allinnich yn de holle, mar sette harren ek fêst yn it liif. Dêrfan is sûnenspsycholooch Wiebren Stellingwerf oertsjûge. Troch te boksen en yn beweging te wêzen, komst neffens him flugger en tichter by de pine. Sa kinst it better ferwurkje.
Boppedat is it wittenskiplik ûndersocht dat minsken harren makliker uterje as se yn beweging binne, seit Stellingwerf.
Bewege as terapy: bokse mei de psycholooch
Harmen stiet tsjinoer Stellingwerf en moat earst hurd slaan. Dêrnei moat er hurd begjinne en sunich einigje. Dat fynt er dreech. "Leare dosearje", seit Stellingwerf. Hy bringt it werom nei it deistich libben: it is foar Harmen dreger om ôf te bouwen as om op te bouwen. Dat fernimt er op it wurk en yn syn sport; hy giet mar troch.
Nei't syn dochter om it libben kaam by in ferkearsûngelok wie it foar Harmen dreech om te fielen. Hy gie mar troch, praktysk ynsteld as er wie. Mei runningterapy (drave en prate) learde er mear te fielen. Mei boksen rekke er syn lilkens kwyt.
Hynders
Floor Hijlkema is ferpleechkundich spesjalist. Se wurket by Kien (spesjalistyske ggz-soarch) en foar in part foar harsels mei Stellingwerf. Sy sjocht in soad 'hollen' binnenkommen.
De geast is hiel sterk en kin ûnder stress in hiel soad fuortdrukke, leit se út. Lichaamlike sinjalen wurde dan somtiden net iens mear field. Der kinne sels funksjes útfalle. Troch it kontakt mei holle en liif te better te meitsjen, fiele minsken wer en kinne se better ferwurkje.
Hynders wurde ynset as part fan de behanneling. Dy spegelje yn gedrach, gefoel en emoasjes en hawwe gjin oardiel.

Stellingwerf fertelt Harmen dat it helpe kin om om syn sykheljen te tinken as er it dreech fynt om ôf te bouwen. Troch bewust te sykheljen, kinne je loskomme fan de situaasje en wat mear ôfstân nimme. Dat helpt. Harmen docht oefeningen foar it sykheljen, dy hat er hjir leard. Hy azemt as er nachts wekker leit djipper nei de bûk ta. Dat helpt om rêstich te wurden.
Sporten die er foar de terapy ek al, en docht er no noch. It giet better mei him. It ferlies fan syn dochter hat in plak yn syn hert krigen. It bliuwt pittich, mar it slyt wol. "Ja", seit er, "it giet wer folle better mei my."
Dit is de earste yn in rige fan 4 oer bewege as terapy en omtinken foar de relaasje tusken it liif en de holle.
Nije wike tiisdei: Mei de linkerhân de rjochterfoet oantikke en oarsom: mei kognitive fitness wurkest oan de kondysje fan dyn brein. "Dit is goed foar elkenien hear", fertelt Tineke, dy't fiif jier lyn op it iis fallen is.
ROS Friesland op It Hearrenfean tinkt mei yn it ferbetterjen fan de earstelinesoarch, oer hoe't de soarch oars organisearre wurde kin. Sylvie de Boer sjocht dat der mear omtinken is foar it lichem by mentale klachten.
Dêr't bewegen earder benammen ynset by lichaamlik sûn wurde of refalidearje, wurdt it no ek brûkt om fan mentale problemen ôf te kommen. "We gaan weer meer holistisch naar gezondheid kijken", seit De Boer.
Foarhinne lei de klam op tinke, prate en ferklearje. Dêr wurde no eleminten as bewege, skilderje of muzyk meitsje oan taheakje.