Nije boargemaster fan Eaststellingwerf Jack Werkman ynstallearre

Jack Werkman krijt de amtsketting om © Omrop Fryslân
Jack Werkman is moandei offisjeel ynstallearre as de nije boargemaster fan Eaststellingwerf. Yn in fol gemeentehûs yn Easterwâlde krige Werkman de amtsketting om.
Hûnderten minsken kamen ôf op de ynstallaasje fan de VVD-politikus yn it gemeentehûs yn Easterwâlde. Werkman wie foarhinne wethâlder yn Sluis yn Siuwsk-Flaanderen en dus wiene der ek in soad Siuwen oanwêzich. Hy is foar seis jier beneamd. Nei in speech fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok krige Werkman de ketting om.
"It is safier", seit Werkman. Mei dy ynstudearre wurden hâldt syn kennis fan it Frysk op. Al seit Werkman de taal rap leare te wollen. "Ik heb ontzettend veel zin in het werk."
Nije boargemaster fan Eaststellingwerf Jack Werkman ynstallearre
Foar Werkman wachtsje in soad grutte dossiers. "Een van de dossiers is ondermijning. Ik ga er alles aan doen zodat mensen hier veilig kunnen wonen en werken."

Stikstof

Folslein nij foar Werkman is it stikstofdossier. Yn syn âlde gemeente spile dat dossier minder, mar yn Eaststellingwerf sit in soad natuer. Dat soarget foar in wrakseling tusken boeren en natuer. "Ik wil met de mensen in gesprek blijven en ze dicht bij elkaar brengen. Het feit dat ik nieuw ben, zorgt ook voor een frisse wind."
De minder spannende kanten fan it boargemasterskip is gjin probleem foar Werkman: "Honderdjarigen bezoeken is voor mij geen verplichting, maar een verrijking. Ik sta hier niet voor mezelf, maar voor u en de samenleving. Een burgemeester ben je altijd: in goede en mindere tijden."
In folle seal seach nei de ynstallaasje fan Jack Werkman © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Yn in taspraak sei Kommissaris fan de Kening Brok: "It is in moaie gemeente mei útdagings op ferskate flakken. Tink allinnich mar oan de wolf, dy't yn dit gebiet omrint. Mar der wiene 19 oanmeldings foar de fakatuere foar boargemaster. Dus dat seit ek dat der in soad minsken yn de gemeente wurkje wolle."

Boargemaster wêze is net samar wat

"Mar in boargemasterspost ynfolje is net samar wat", giet Brok fierder. "Werkman moat mentaal fit wêze om dit oan te kinnen. Ik gean derfan út dat hy dat is. Dat hy boppe de partijen stiet en ferbynt."