Aldste mûne fan Noardeast-Fryslân blykt nei houtûndersyk noch spesjaler

Mûne De Hoop yn Holwert is foar safier bekend de âldste konstruksje mei dinnehout yn Nederlân. Boppedat is it fierwei de âldste mûne yn Noardeast-Fryslân. Dit docht bliken út nij histoarysk- en houtûndersyk.
Der wie al in soad bekend oer de nôt- en pelmûne, mar der libben by Stichting Monumentenbehoud Noardeast-Fryslân ek in soad fragen. Dizze stichting hat de mûne yn behear. De stichting bestiet dit jier 30 jier en besleat dêrom in ûndersyk nei de mûne op te setten.
In eksakt boujier fan De Hoop wie net bekend. Dêrom is de help ynskeakele fan Paul Borghaerts, dy't 'dendrogronologysk' houtûndersyk docht. Hy hat houtmeunsters út de mûne helle en de jierringen metten, wêrmei't it momint fan it kappen fan it hout bepaald wurde koe.

Al oan it begjin fan de 15e iuw stie der in foargonger fan de mûne op itselde plak. Dizze standermûne mealle rogge en weet foar it doarp en Hania State. Mar healwei de 18e iuw is de mûne ferfongen. Om't dit op in nuvere wize dien is, bestie it fermoeden dat in oare, ôfbrutsen pelmûne op 'e nij brûkt is foar it fernijen fan De Hoop.
It ûndersyk liet sjen dat de balken yn it boppenste part fan de mûne makke binne fan grenenhout út Estlân dat yn 1743 kapt is. Dêrmei die bliken dat de pelmûne net op 'e nij brûkt wêze kin, want dy wie oant 1751 noch folop yn bedriuw.
Fan antwurden nei nije fragen
De resultaten út it hout fan it ûnderste part rôpen lykwols mear fragen op. Want dit ûnderstik is boud fan dinnehout dat yn 1810 yn Poalen kapt is. It moat yn de Frânske tiid boud wêze. Borghaerts tinkt dat de bysûndere kar foar dinnehout te krijen hat mei de Napoleontyske oarloggen, wêrtroch't de hannel yn hout dreger wie as oars.
De mûnder yn dy perioade wie Luitjen Jans, dy't yn 1811 de tapaslike efternamme 'Van der Meulen' oannaam. In ynventaris en advertinsjes hawwe befêstige dat hy de mûne ferskate kearen fertimmere hat. De grenenhouten haadas komt ek út de perioade om 1811 hinne.

Borghaerts kaam noch noait dinnehout tsjin yn swiere houtkonstruksjes. Fanwegen dy houtkar moast de skuorre ûnder de stelling wol opknapt wurde, want dinnehout kin min tsjin wetter en dêrtroch it lekte bot.
It ûnderysk fan Borghaerts hat mei help fan de Historische Vereniging Noordoost-Friesland en mûnesaakkundigen mear dúdlik makke oer de skiednis fan de mûne. Dochs ropt it wer nije fragen op: want hoe is it ûnderste part krekt ferfongen en wêrom stiet de boppenkant binnen de ûnderkant en rint it net yn ien stik troch?
"Wordt vervolgd", sa hopet de stichting. Mei nij ûndersyk wolle sy besykje it ferhaal fan de monuminten better by it publyk te krijen.