LEGO-team fan Bornego College nei wrâldfinale yn Houston

It REBorn-team by de robot © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Learlingen fan it Bornego College op It Hearrenfean sille tiisdei mei in robot fan LEGO nei Amearika ta. Harren sels boude robot moat dêr in parkoers ôflizze yn de wrâldfinale fan de FIRST LEGO League. Boppedat presintearje se dêr in ynnovaasjeopdracht.
Tolve learlingen fan 12 oant 15 jier sitte der yn team REBorn. Dat stiet foar Robot Education Bornego. Se binne al it hiele skoaljier dwaande mei de FIRST LEGO League. Se hawwe de robot sels boud en dy moat opdrachten útfiere.

Oaljeplatfoarm fan LEGO

"We moeten het LEGO-robotje programmeren, zodat die missies uitvoert", leit Joas út. "Per missie krijg je een bepaald aantal punten. Hoe meer punten je hebt aan het einde van de wedstrijd, hoe beter je het hebt gedaan. Het thema is energie, dus hier zie je een waterkrachtcentrale, een windmolen en een olieplatform." En alles is makke fan LEGO.
Bornego College nei Amearika foar in LEGO-wedstriid
Yn jannewaris wûnen se de regiofinale yn Ljouwert mei teams fan it basis- en fuortset ûnderwiis. En yn maart kamen se by de lanlike finale sa fier dat se yn Houston, Texas meidwaan meie oan it World Championship. De konkurrinsje is grut. 450 teams út 52 lannen komme nei Houston ta.
Yn de kategory LEGO-bou dogge goed 100 teams mei. It toernoai duorret fjouwer dagen. "Der binne ferskillende wedstriden", leit begelieder Jantje Postma út. "Robotwedstriden hawwe plak op de tafel. En dêrneist hawwe we de presintaasje fan ús ynnovaasjeprojekt. En we wurde beoardiele op de stand dy't we der hawwe mei alle materialen en op ús teamwork."
De robot dy't it allegear dwaan moat © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dit jier moasten se in duorsume oplossing betinke foar in probleem mei it tema 'Super Powered'. As ynnovaasjeprojekt kaam it REBorn-team mei it idee om in matras te meitsjen dat enerzjy opwekket.
"We hebben chips in het matras gedaan", fertelt Marit. "Als je slaapt, wek je heel veel lichaamswarmte op. In de chip wordt dat omgezet in energie en dan gaat de warmte die je 's nachts hebt niet verloren. Zo kun je die gebruiken om slapend rijker te worden."

Spannend aventoer

Tiisdei sette se dus ôf foar de fjouwer dagen duorjende wrâldfinale yn Amearika. Se fine it in hiel aventoer. "Ik vind het wel heel spannend", seit Marit. "Maar ik heb er vooral heel veel zin in." Postma slút har dêrby oan. "Jawis, it is echt in hiel aventoer. Mar wol fantastysk. It fielt ek noch hieltyd hiel ûnwerklik."