Man beslút oer it spoar fierder te rinnen nei’t er by fersin yn Mantgum útstapt is

In treinspoar © ANP Foto
In 31-jierrige Snitser hat sneintemiddei besocht om fia it spoar fan Mantgum nei Snits te rinnen. Dat meldt de plysje.
In treinmasinist hie de plysje op 'e hichte steld dat der in man lâns it spoar rûn yn de rjochting fan Snits. Doe't de plysje him fûn, joech er oan dat er by fersin in stasjon te betiid útstapt wie en dêrom oan de kuier gien wie.
It is gewoanwei 13,9 kilometer kuierjen fan stasjon Mantgum nei stasjon Snits-Noard. Troch fia it spoar te rinnen kinne je hast 2,5 kilometer ôfsnije. Noch flugger hie it west as de man wachte hie op de folgjende trein, want dy gie in oere letter.
Neffens ProRail wie it gedrach fan de man net allinnich gefaarlik, mar hat it spoarrinnen ek maatskiplike gefolgen trochdat it fertragingen feroarsaket. De plysje hat in proses ferbaal tsjin de Snitser opmakke. De boete foar it kuierjen by it spoar kin oprinne oant 140 euro.