Langwar iepenet skûtsjeseizoen mei hurde wyn: sa sjocht dat derút

© Skydrone Sloten, Jelte van der Meer
De kop is derôf. It skûtsjeseizoen is los, no't de earste wedstriid derop sit. It skûtsjesilen by Langwar waard in proai foar Tony Brundel, mei syn Lytse Lies.
Der stiene betiden behoarlike wynpûsters op de Langwarder Wielen, en foar guon skippers kin dat spannend wêze. Mar it smyt ek moaie plaatsjes op.