Cambuur wol needlot net sjen: "We weten hoe de situatie is, maar wonderen bestaan"

Cambuur bliuwt striidber. Dat seit trainer Sjors Ultee nei it ferlies tsjin Feyenoord. "Wat er ook gebeurt, na afloop moet je kunnen zeggen dat je alles gegeven hebt."
Mei noch fiif wedstriden te gean, steane de Ljouwerters stiif ûnderoan yn de earedivyzje. "Ook als het over is, moet je voor elke wedstrijd vechten. We weten allemaal hoe de situatie is, maar wonderen bestaan."
Ultee wol needlot net ûnder eagen sjen: "Wonderen bestaan"
"We zijn tot het einde blijven vechten, gesteund door onze supporters. Die bleven zingen, ook na een tegendoelpunt. Dat hebben we nodig, om het seizoen zo goed mogelijk af te sluiten. De ploeg is strijdbaar. De club is strijdbaar."
"Ik wil geen blije trainer zijn na een 3-0 nederlaag, maar ik ben wel trots op de ploeg. Het was vandaag veel beter dan vorige week." Doe ferlear Cambuur mei 4-0 fan Twente. "Twente is goed, maar Feyenoord is beter. En met een beetje geluk hadden we vandaag kunnen scoren."

Cambuur hie it gelok net mei. Feyenoord wol. Trije kear: it earste doelpunt wie in foarset dy't deryn foel. It twadde doelpunt kaam nei in domme aksje fan in Cambuurspiler. En it tredde doelpunt wie miskien noch wol dommer: in eigen doelpunt. "Een bal met heel veel effect, die verkeerd viel op het hoofd van Calvin Mac-Intosch", seit Ultee.
"De doelpunten die ze niet maakten, waren veel mooier."
It twadde doelpunt fan Feyenoord wie potsierlik. Dat wie de skuld fan Alex Bangura. Hy kaam foar in blessuerebehanneling oan de sydline te stean, en gie it fjild wer yn foardat de skiedsrjochter dêr tastimming foar joech.

Bangura krige in giele kaart, en Feyenoord skoarde út de frije traap dy't dêrby heart. "Dat was niet zo slim", seit Bangura dêr sels oer.
"Voor mijn gevoel moest ik best lang wachten", seit Bangura. "Ik dacht: 'Kom op scheids, wanneer mag ik er in?', en toen nam ik zelf initiatief, daar ben ik eerlijk in. Dat was mijn fout. Hij gaf geen seintje."
"Het was mijn fout, daar ben ik eerlijk in"
Ultee wol it net goedprate, "maar het tekent wel dat Alex heel gretig is", seit er, "en ik heb liever een te gretige speler dan een slappe speler."
De earstkommende wedstriid is freed tsjin Volendam. Sûnder Bangura, want by syn giele kaart heart ek in skorsing. "Dat is extra balen", seit Bangura.
It ferskil mei it 'feilige' 16e plak is njoggen punten. Mei noch fiif wedstriden te gean is der dus noch in teoretyske kâns dat Cambuur yn de earedivyzje bliuwt, al ha de Ljouwerters dat al lang net mear yn eigen hân.
"Zolang het nog niet klaar is, zul je mij niet horen zeggen dat het klaar is", seit Bangura. "Jij mag dat wel zeggen, maar van mij zul je het niet horen tot het echt definitief is."