Amelanner feriening yn protest tsjin ferbod op kninejacht

Knyn op It Amelân © ANP
It lanlike ferbod om te sjitten op kninen moat op it Amelân ferdwine. Dat fynt de Vereniging Behoud Amelander Cultuur Medegebruik (VBA).
Neffens de feriening giet it hielendal net min mei it knyn, sjitte soe sels goed wêze foar de stân fan de kninen. Dat stiet yn in brief oan natuerminister Van der Wal.
It Amelân is in Natura 2000-gebiet, dêr't guon gebrûken net mear útfierd wurde meie, seit foarsitter Martin Oud fan de VBA.
"Twintig jaar terug moesten wij al onze cultuurhistorische gebruiken inbrengen bij Natura 2000. Met alle Amelander verenigingen hebben we om tafel gezeten en besproken wat ons cultuurhistorisch medegebruik is: bramen zoeken, mossels zoeken, garnalen kruien, dat hebben we allemaal ingebracht."

Elts jier minder

Mar de regels lykje stranger wurden te wêzen mei de jierren: "Tot onze verbazing snoepen ze er jaar na jaar wat af. Op een gegeven moment mochten we geen vis meer vangen op het strand, op het waddengebied geen netjes meer zetten en niet meer op konijnen jagen." Dêrom is trije jier lyn de VBA oprjochte, út ûnfrede oer hoe't Natura 2000 yn de praktyk útpakt.
Oud wol dat mear nei de eilanners harke wurdt wat de natuer oanbelanget. "Wij weten als eilanders of het goed of slecht gaat. Afgelopen jaren was er een VHS-ziekte onder de konijnen, dat is een zware ziekte. Dan spreek je met elkaar als jagers af: we schieten niet veel konijnen, want er zijn niet veel. Afgelopen twee jaar zie je de stand weer omhoog klauteren. Dan vinden wij dat we weer konijnen kunnen schieten."

Mei eilanners om tafel

De VBA seit sels dat sjitte goed is foar de stân fan de kninen en tinkt dat der in streekrjocht ferbân is mei it ûntstean fan syktes.
"Het is zo dat als je konijnen niet bejaagt, ze weinig jongen krijgen. Als je ze wel bejaagt, krijgen ze vier tot acht jongen. Door ziektes en jagen blijven er twee of drie over, die kunnen weer voor reproductie zorgen. Als je er te veel hebt, krijg je op een gegeven moment een zware ziekte en houd je niks over."
De feriening wol dat op 'e nij sjoen wurdt nei it kultuerhistoarysk meigebrûk en dat der mei de eilanners om tafel sitten wurdt. "En dat er beter per Natura 2000-gebied wordt bekeken wat er moet gebeuren", seit Oud.