Liveblog
|
15 april
Friso Snits einiget boppe-oan yn kampioenspûl | Harkemase Boys en VV Bútenpost ferlieze
Yn dit blog hâlde we jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân. Mei hjoed ûnder oare:
- Harkemase Boys hat mei 4-2 ferlern fan Excelsior '31;
- VV Bûtenpost gie mei 3-0 ûnderút tsjin Flevo Boys;
- De Grinzer Pein is de earste amateurfuotbalkampioen fan distrikt Noard
- Friso Snits is earste wurden yn de kampioenspûl;
- Hearrenfean ferliest kânsleas fan Sparta Rotterdam.
Lêst bywurke: 15 april, 22:51
22:51
Hearrenfean hurd ûnderút
Sportklup Hearrenfean hat mei dúdlike sifers ferlern fan Sparta Rotterdam. De einstân wie 4-0. Troch it ferlies sakje de Friezen nei it njoggende plak yn de earedivyzje.
21:47
Hearrenfean moat yn de efterfolging
It is skoft by de wedstriid yn de earedivyzje tusken Sparta Rotterdam en sc Hearrenfean. De tuskenstân is 1-0 foar Sparta en dat is terjochte. Hearrenfean hat oant no ta net in soad te fertellen op Het Kasteel.
21:10
Friso Snits pakt it thúsfoardiel
Yn de tredde set gie it wat dreger foar Friso Snits, mar de follybalsters slute ek dy set winnend ôf: 25-22. Dat betsjut dat Friso Snits earste wurden is yn de kampioenspûl. Dêrmei hawwe de Snitsers it thúsfoardiel yn de best-of-fivesearje om it lânskampioenskip tsjin VV Utrecht.

20:41
Oant no ta gjin problemen foar Snitser follybalsters
En doe wie it al 2-0. Friso Snits hat it oant no ta maklik tsjin Sliedrecht Sport. De twadde set waard mei 25-13 wûn. As Friso Snits der ek yn slagget de tredde set te winnen, dan hawwe se it thúsfoardiel yn de finale om it lânskampioenskip tsjin VV Utrecht.
20:17
Friso Snits op koers foar thúsfoardiel yn de finale
De follybalsters fan Friso Snits hawwe de earste set wûn yn de wedstriid tsjin Sliedrecht Sport (25-14). It is de lêste wedstriid yn de kampioenspûl. Friso Snits stiet dêryn boppe-oan. Mochten de Snitsers dizze wedstriid mei 3-0 of 3-1 winne, dan hawwe se it thúsfoardiel yn de best-of-fivesearje om de lânstitel.
De nûmer ien út de kampioenspûl mei yn de finale thús begjinne tsjin de nûmer twa, VV Utrecht. Boppedat hat de nûmer ien it foardiel fan in eventueel beslissend fiifde duel yn eigen hûs.
18:55
Noppert ûnearfol derôf op Players Championship
Darter Danny Noppert fan De Jouwer is yn de tredde omloop útskeakele op it njoggende Players Championship yn it Ingelske Wigan.
Noppert ferlear mei 6-3 fan de Ier Keane Barry. Yn de rondes dêrfoar wie hy noch mei 6-1 te sterk foar de Belch Brian Raman en de Ier John O'Shea.