HEA! Wachtsje op de frou
HEA! Goeie wachtsjende man
Geduldich wachtet in man yn Frjentsjer foar in winkel. Syn frou is binnen, mar hy wol net mei. Hy fynt neat oan winkeljen, en neffens him wurde syn opmerkings dochs net wurdearre.
It wachtsjen duorret gelokkich net hiel lang mear, de frou komt alwer nei bûten ta. Gau folget er har de dyk oer, op nei de folgjende winkel.