Rykswettersteat ferheget wetterfoarried Iselmar no al

De Iselmarkust by Laaksum © Shutterstock.com (Steve Photography)
It wetterpeil yn de Iselmar giet 5 sintimeter omheech. Rykwettersteat docht dat fanwege de legere oanfier. Yn de Alpen is folle minder snie fallen en dat betsjut dus ek minder oanfier fan teiwetter.
Foar kommende simmer foarsjocht Rykswettersteat mooglik problemen, seit Ton de Vries. De Iselmar tsjinnet as wetterfoarried en mei it each op wetterkrapte by drûge simmers moat it peil no al omheech.

Minder snie yn Alpen

Yn de Alpen is minder snie fallen as oars. It teiwetter fan snie en iis komt troch de rivieren ek yn de Iselmar telâne. Troch dy legere oanfier sil de oanfolling op de wetterfoarried yn de Iselmar ek minder wêze. Dêrom wol Rykswettersteat it wetterpeil no alfêst ferheegje.
De Vries: "We willen de buffer zo maximaal mogelijk vullen om met extreme zomerse omstandigheden de omgeving zolang mogelijk van water te kunnen blijven voorzien."
Ferline jier is de wetterstân yn de Iselmar ek al ferhege, doe omdat der te min reinwetter fallen wie. Der is no gjin sprake fan in delslachtekoart fan reinwetter, seit de Vries. De ferheging fan no mei 5 sintimeter is gjin inkeld probleem foar de Iselmardiken. Dy binne berekkene op folle hegere wetterstannen.

Klimaatferoaring

Fanwege klimaatferoaring is yn 2018 in nij saneamd 'peilbeslút' fêststeld om ynspylje te kinnen op hieltyd feroarjende waarsomstannigheden. De ôfrûne fiif simmers wie der in wettertekoart omdat it waarm wie en it skoft net reind hie.

Skipfeart

De skipfeart hat gjin of amper lêst fan de wetterferheging fan no, neffens De Vries. Sterker noch, troch de hegere wetterstân hawwe de skippen mear wetter ûnder de kyl. "Op het moment dat men onder de vaste bruggen door zou moeten, is 5 centimeter meer voor de beroepsvaart geen enkel probleem."
Ton de Vries, Rykswettersteat