FNP nei tolve jier bûten it kolleezje: "We ha de rantsjes opsocht"

It cv fan Sijbe Knol © Omrop Fryslân
De FNP hat yn Provinsjale Steaten de ôfrûne fjouwer bewust 'de rantsjes opsocht'. Dat seit fraksjefoarsitter Sijbe Knol. "Wy kinne mei in rjochte rêch oer strjitte."
Nei tolve jier yn it kolleezje fan Deputearre Steaten wurdt de FNP de kommende fjouwer jier lykwols in opposysjepartij, nettsjinsteande in lytse winst by de Steateferkiezingen ferline moanne. It nije kolleezje bestiet út BBB, CDA, PvdA en ChristenUnie, as dy der ûnderling útkomme.
"Wy ha altyd dúdlik west wêr't we foar steane, wat ús stânpunten binne", seit Knol. "As we ús net sa bot profilearre hienen, dan hienen we der no mooglik ek oars foarstien."
De FNP is oerein bleaun in de BBB-stoarm, seit Sijbe Knol
Op guon ûnderwerpen betsjutte dat profilearjen dat de Steatefraksje fan de FNP in oar stânpunt ynnaam as it kolleezje, dêr't de FNP ek diel fan útmakke. De Lelyline is it dúdlikste foarbyld: it kolleezje hat him foar it spoar útsprutsen, mar de Steatefraksje hat him dêr de ôfrûne jierren tsjin ferset.
"Wy ha altyd hiel dúdlik west", seit Knol dêroer. "We ha sein dat we foar in ûndersyk nei sa'n rappe spoarline binne. Mar dêr kaam letter in hiel plan mei wentebou by. Dat waard in nij ferhaal."
Dat waard foar de FNP de reden om har tsjin de Lelyline te kearen. "We ha direkt sein dat it ús te fier gong. Dy romte is ús net altyd gund, mar we ha dy romte wol altyd naam."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Sijbe Knol.
Neffens Knol hat de FNP just hiel dúdlik west. En dat de fraksje somtiden wat mear romte pakte as dat koälysjepartijen gewoanwei dogge, dat wie in bewuste strategy. "Yn 2019 ha we byelkoar sitten en sein dat we wat mear de rantsjes opsykje moasten. Oars rinne je it risiko dat je in bestjoerderspartij wurde en it net dúdlik is wêr't je foar steane."
Ik bin grutsk dat wy mei in rjochte rêch oer strjitte kinne.
Sijbe Knol (FNP) oer de opstelling fan syn fraksje de ôfrûne fjouwer jier
Hy tinkt dat de opstelling de partij just holpen hat. "It hiele establishment hat by de ferkiezingen ferlern. Ien partij - de FNP - is oerein bleaun, in oar - BBB - hat it geweldich goed dien. Dêr spylje lanlike sentiminten ek mei. Ik bin grutsk dat wy mei ús stânpunten nei foaren komme."
Dy lanlike sentiminten ha bot meispile by de lêste Steateferkiezingen, hat út ûndersyk bliken dien: in grut part fan de kiezers hat syn stim basearre op wat der lanlik spilet. De FNP moat der dêrom neffens Knol ek oer neitinke hoe't dy partij lanlik ek mear omtinken krijt.
"De FNP moat lanlik in foet tusken de doar krije", seit Sijbe Knol
De FNP kin dan oerein bleaun wêze yn it BBB-geweld mei de ferkiezingen, dat betsjut net dat Knol net flink baalt dat syn partij de kommende jierren bûten it kolleezje falt. "It hat wol even sear dien, de dei dat we it hearden. Dat wie in freed, doe hienen we gjin moaie dei. De sneon wie ek noch wat heal, snein kaam de berêsting. Ik hie it leaver oars sjoen, mar it is sa't it is."
De persoanlike ferhâldingen tusken de politisy joegen úteinlik de trochslach yn de ferkenning. De fraksjes fan BBB, PvdA, CDA en ChristenUnie kinne it neffens ferkenner Chris Stoffer goed mei-inoar fine. Leit Knol dan net goed? Hat er him te hurd opsteld de ôfrûne jierren?

Net elkenien nei it sin meitsje

"We ha op guon mêden minder konstruktyf west as oare partijen", jout er ta. "Mar dat wie dus in bewuste kar. We hienen derfoar kieze kind om alle kearen gesellich in bakje kofje te drinken, mar dêr bin ik de man net nei. Je kinne it net elkenien nei it sin meitsje."
Boppedat binne der genôch partijen dy't wol mei de FNP gearwurkje woenen, makket Knol op út de ferslaggen fan ferkenner Stoffer. "GrienLinks en de PVV hienen ús hartstikke heech op har listje stean bygelyks."
It wie bewust dat de FNP 'de rantsjes opsocht' de ôfrûne jierren
De realiteit is dat Knol dus net by in koälysjepartij heart de kommende jierren, ek net deputearre wurdt, wat miskien wol mooglik west hie. Nee, hy giet de opposysje yn. Neffens him lizze dêr ek wol mooglikheden. "We ha in goed programma. Der komt in akkoart op haadlinen, wêrby't ek genôch romte foar ús ûntstean sil."
Hy sil syn oanpak dêrom ek net feroarje. "We bliuwe op deselde wize polityk bedriuwen. Op de ynhâld mei it hurd wêze, op de minsken sêft. Krekt as de ôfrûne fjouwer jier. We ha in moaie nije fraksje. Ik ha der nocht yn om dêrmei fierder te bouwen."