FryslânDOK ‘Fan it nêst ôf’

Leden fan Bernlef yn Grins © Anne van Slageren
Wêrom wurde studinten om utens lid fan Fryske ferieningen? Dat frege Grinzer filmmakker Anne van Slageren him ôf en hy socht Fryske studinten op yn Grins, Delft en Wageningen. De FryslânDOK 'Fan it nêst ôf' is dit wykein te sjen by NPO2 en Omrop Fryslân.
FryslânDOK 'Fan it nêst ôf'
Sneon 15 april NPO2 15.30 oere (werhelling 16 april 13.25 oere)
Snein 16 april Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Welmoed Sjoerdstra © Anne van Slageren
Eartiids wienen der mear, mar no binne der noch trije Fryske studinteferienings yn Nederlân: Aldgillis yn Delft, Bernlef yn Grins en WSSFS yn Weinum, oftewol Wageningen. Mei-inoar in pear hûndert jongeren fan Fryske komôf binne der lid fan. Se ferlieten Fryslân, mar slute har dochs oan by in Fryske studinteferiening.
De filmmakker folget trije studinten út Delft, Grins en Wageningen.

Foaroardielen

Welmoed Sjoerdstra studearret MA Applied Linguistics en is lid fan Bernlef. Se fielt har dêr thús. "As ik sis dat ik by Bernlef sit, sjogge minsken der faak op del. Wêrom soest dat dwaan, sizze se, bist net bliid datst út Fryslân wei bist? Mar ik bin bliid mei wêr't ik weikom. Kinst it famke wol út Fryslân helje, mar Fryslân net út it famke."
Sieger Falkena (rjochts) yn Delft © Anne van Slageren
Sieger Falkena is lid fan Aldgillis yn Delft. Hy hat de feriening fiif jier lyn wer nij libben ynblaasd. "Je moetsje in hiel soad ferskillende minsken út Fryslân en dat fyn ik hiel nijsgjirrich. It is net allinne in netwurk, mar we ha ek in soad plezier En it is lekker om wer Frysk te praten."
Nei syn stúdzje elektrotechnyk is er no oan it wurk. Dêr praat er oerdeis Ingelsk en thús Frysk. "Ik praat amper Nederlânsk, dat skoot nei it tredde plak."
Leden fan WSSFS yn Wageningen © Anne van Slageren
Marte van Duuren is lid fan WSSFS. "Myn Frysk is hjir better wurden. It is de taal fan thús fan myn famylje en dy kin ik no mei freonen prate. Dat jout my in komfortabel gefoel."
Fryske studinten om utens © Anne van Slageren
Anne van Slageren, yn syn eigen stêd Grins bekend mei Bernlef, frege him ôf wat de Fryske studinten om utens beweecht. Is it bepalend foar har ûntwikkeling, is it de taal, binne se ûnwennich? Is it in foarm fan nasjonalisme, of binne en wurde se krekt foarútstrjibjend yn har oanpak en mentaliteit?
Hy gie foar FryslânDOK nei it Krystkongres yn Frjentsjer, in jierliks treffen fan de Fryske studinteferienings.

Identiteit

Ek spruts er emearitus-heechlearaar Fryske taal en letterkunde Goffe Jensma. "It is in apart ferskynsel dat kultuer ûntstiet as je yn in omjouwing komme dy't mei jesels yn kontrast stiet." De studinten ha in mearlagige identiteit, net inkeld de Fryske, mar ek de Nederlânske en se binne Europeanen en wrâldboargers. Neffens Jensma is dat is winst.
Yn 'Fan it nêst ôf' wurdt de sjogger meinommen yn it libben fan de jonge 'wrâldpiken' teminsten, sa omskriuwt ien fan de studinten himsels, mei in knypeach nei de ynwenners fan de Fryske Wâlden.
Dielnimmers oan it Krystkongres yn Frjentsjer © Anne van Slageren
Anne van Slageren