Súdwest-Fryslân bestriidt eksoatyske reuzeplant mei grienspesjalisten en kantoarpersoniel

De reuzebearepoat kin behoarlik heech wurde © ANP
Grienspesjalisten en frijwilligers fan de gemeente Súdwest-Fryslân gean de striid oan mei de reuzebearepoat. Dat dienen se freed op in stik fan de Grienedyk, in fytspaad by de wâlskanten fan de Snitsermar del.
It Gerbrandygemaal, dat ek oan de Grienedyk leit, like freedtemoarn wol it terrein fan in militêre operaasje. Sa'n tsien buskes mei wurknimmers fan de grienfoarsjenning fan de gemeente ha harren hjir sammele. Tsientallen skeppen, heskes en moffen lizze te wachtsjen op frijwilligers dy't har noch melde moatte.
Grienbehearders én kantoarpersoniel yn aksje tsjin de reuzebearepoat
"It giet ús om de reuzebearepoat", leit Douwe de Groot út. Hy is adviseur grien fan de gemeente. "It is in eksoatyske plant dy't hjir net thús heart. Ast dy net oanpakst, komme der hieltyd mear. Dan wurde soarten dy't hjir thús hearre, ferdreaun."

Brânblierren

De gemeente jout alle jierren sa'n 100.000 euro út oan de bestriding fan de reuzebearepoat en in oare eksoat, de reuzereadskonk. "Hy kin wol fjouwer of fiif meter heech wurde. En hy kin ek gefaarlik wêze, want ast it sap fan de plant oanrekkest, kinst grutte brânblierren op 'e hûd krije."
Neist de grienwurkers fan de gemeente rint ek in soad kantoarpersoniel mei in skep op de Grienedyk. "It giet wol aardich", laket in frou dy't oars op de finansjele administraasje sit. "Ik ha nea witten dat der in ferskil is tusken de beareklau en de reuzebearepoat, dus we ha hjoed ek noch wat leard."