Basketballers Aris kinne mar net winne yn Elite Goldkompetysje

Wer in ferlies foar Aris Ljouwert © Dijks Media
De basketballers fan Aris Ljouwert binne op 'e nij tsjin in nederlaach oan rûn. Yn it Kealledykje ferlearen de Ljouwerters mei 68-87 fan Telenet Giants Antwerp.
Nei it earste kwart wie de skea noch beheind foar Aris (12-16), mar by it skoft wie it ferskil al 16 punten: 26-42.
Yn it tredde en fjirde kwart koenen de Ljouwerters gjin feroaring mear bringe yn de efterstân. Nei it tredde part fan de wedstriid wie it 45-69 en oan de ein fan de wedstriid stie der 68-87 op it skoareboerd.
Mei 20 punten wie Keevan Veinot de topskoarer oan de side fan Aris
Aris hat oant no ta alle wedstriden yn de Elite Goldkompetysje fan de BNXT League ferlern.