Minder CO2-útstjit Fryske yndustry troch hege enerzjyprizen

It fabryk fan A-Ware op It Hearrenfean © ANP
De CO2-útstjit fan acht grutte yndustry- en enerzjybedriuwen yn Fryslân is it ôfrûne jier mei 11,24 prosint ôfnaam. Lanlik is de delgong 7,6 prosint.
It giet om bedriuwen dy't ûnder it Europeeske emisjehannelsysteem (ETS) falle. Dat binne bedriuwen dy't allinnich CO2 útstjitte meie as se dêrfoar rjochten keapje. Mei-elkoar binne se ferantwurdlik foar hast de helte fan de totale CO2-útstjit yn Nederlân.

Hege enerzjyprizen

Neffens de Nederlânske emisje-autoriteit (NEa) is de delgong ûnder oare te ferklearjen troch de hege enerzjyprizen fan ferline jier, en dus net troch ferduorsuming. NEa-direkteur Mark Bressers: "Aan de andere kant zullen die prijzen waarschijnlijk niet snel naar het oude normaal gaan, dus ik verwacht wel dat dit een aanjager is voor de industrie om verder te vergroenen."
Yn Fryslân falle sân bedriuwen ûnder it ETS. Dat giet om de asfaltproduksje yn Koatstertille, de ENGIE-sintrale yn Burgum, Friesland Campina-fêstigingen yn Warkum en Ljouwert, sâltbedriuw Frisia yn Harns, aaidoazefabrikant Huhtamäki yn Frjentsjer, Douwe Egberts op De Jouwer en suvelbedriuw A-Ware/Fonterra op It Hearrenfean.
De Fryske bedriuwen dy't ûnder it ETS falle:
De delgong by de Fryske bedriuwen is foar in grut part ta te skriuwen oan it Harnzer sâltbedriuw Frisia. It bedriuw krijt it grutste part fan syn enerzjy fan de Reststoffen Energie Centrale út deselde stêd. Allinnich as dy yn steuring is, moat Frisia weromfalle op de eigen steamtsjettel. Dat wie yn 2021 faker nedich as ferline jier.