Riedslid Admiraal stapt út S!N, koälysje Noardeast-Fryslân hâldt minimale mearderheid oer

Tineke Admiraal © RTV NOF
Gemeenteriedslid Tineke Admiraal splist har ôf fan Sociaal in Noardeast-Fryslân (S!N). Se giet fierder as ienmansfraksje ûnder de namme Fractie Tien.
Admiraal tinkt better funksjonearje te kinnen yn in ienmansfraksje as ûnder de flagge fan S!N.
S!N hâldt no noch seis sitten oer yn de rie fan Noardeast-Fryslân. De partij foarmet mei de FNP (acht sitten) en GBNF (ien sit) de koälysje. Dy koälysje hâldt no de minimale mearderheid fan fyftjin sitten oer.