Mei drugs op achter it stjoer, dat mocht freed yn Ljouwert

It Centraal Bureau voor de uitgifte van Rijvaardigheidsbewijzen (CBR) wol bestjoerders dúdlik meitsje wat de gefolgen binne fan efter it stjoer krûpe ûnder ynfloed fan drugs. Dêrom koenen minsken freed yn Ljouwert mei in VR-bril op sels ûnderfine hoe't it is om mei drugs op te riden.
Om it ferkear feiliger te meitsjen hawwe it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en it CBR fan 1 april 2023 ôf twa nije edukative maatregels ynfierd. In kursus 'drugs en ferkear' en in koarte kursus 'gedrach en ferkear'.
Dizze kursussen binne bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan harren gefaarlike gedrach yn it ferkear. Sa kinne se yn de takomst karren meitsje dy't better binne foar de ferkearsfeiligens fan harsels en oaren op 'e dyk.
Drugssimulator
As minsken pakt wurde mei drugs op krije se in boete, wurdt mooglik it rydbewiis ynnaam en krije se in kursus. Better is fansels foarkomme. It CBR besiket dêrom mei in simulator minsken bewust te meitsjen fan de gevaren.
Freedtemiddei wie Ljouwert oan bar. Yn de simulator krigen minsken de kâns om te belibjen hoe't it is om nei it brûken fan drugs efter it stjoer te sitten.
Sa is it om te riden ûnder ynfloed fan drugs
It tal minsken dat ûnder ynfloed fan drugs rydt, nimt ta. By in tredde fan de deadlike botsingen is de faasje te heech of net oanpast oan de omstannichheden. Benammen jonge, begjinnende bestjoerders dogge ûnder ynfloed fan stikstofmonokside, kannabis of XTC mei oan it ferkear. De gefaren dêrfan, likegoed yn de auto, op de scooter as op de fyts, wurde slim ûnderskat, seit it CBR.
De nije kursus drugs en ferkear moat yn it earste jier sa'n 5.500 minsken bewustwêzen en ferantwurdlikens bybringe. Foar de kursus moatte dielnimmers 1.099 euro betelje.