Anja Brouwer is natuerfotograaf fan it jier, besjoch hjir har priiswinnende foto's

© Anja Brouwer
Fotografe Anja Brouwer út Dokkum is útroppen as Natuurfotograaf fan it jier. Se wint de Groene Camera foar in searje foto's mei strânljippen op it Waad.
De Groene Camera is in prestisjeuze priis foar natuerfotografen út Nederlân en België. Dit jier binne mear as 5.000 foto's ynstjoerd. De sjuery hat dêr de winnende bylden yn ferskate kategoryen selektearre.
Brouwer krige freedtemiddei yn it telefyzjeprogramma Tijd voor Max te hearren dat se de priis foar de bêste searje wûn hat.
It portfolio fan Brouwer lit neffens de sjuery sjen dat de strânljip it swier hat. "De beelden laten niet alleen het leven van de scholekster in de uitdagende natuurlijke omstandigheden zien, maar ook de invloed van de mens op de scholekster. Landbouw en verkeer zijn grote gevaren."
De folsleine rige priiswinnende foto's fan Brouwer:
"Gelukkig zijn er ook mensen die de scholekster een warm hart toedragen en ze behoeden voor een vreselijk lot", seit de sjuery ek. "Dit portfolio belicht al deze facetten en laat zowel zorgen als hoop zien, met stuk voor stuk prachtige en zorgvuldig gemaakte foto's."
Brouwer komt fan It Amelân en hat dêr ek guon fan boppesteande foto's makke, fertelde se by Tijd voor Max. Se hat it libjen en it oerlibjen fêstlein. "Ik ha der twa briedseizoenen mei dwaande west, yn dy tiid ha ik my ek ferdjippe yn de soart."
De oare priiswinners wurde sneon bekend makke yn Museon-Omniversum yn Den Haag. Dêr komt ek in eksposysje mei alle winnende bylden. Ferline jier wûn Marcel van Kammen út De Westereen de earste priis yn de kategory sûchdieren.