Lange file op Ofslútdyk troch brêgesteuring

It ferkear op de Ofslútdyk stiet stil © CAMJO media
Troch in steuring yn de brêge oer de Lorentzslûs hat der freedtemiddei in lange file oan wjerskanten fan de slûs stien.
Om likernôch 16.45 oere koe it ferkear wer oer de brêge ride en loste de file yn de rjochting fan Noard-Hollân op. Yn de rjochting fan Fryslân is der noch hieltyd sprake fan fertraging.
In oplossing foar de steuring is der noch net, dêr sil Rykswettersteat nei de spits nei sjen.