Neilibjen Hânfêst minderheidstalen ek nei 25 jier saak fan ‘lytse stapkes foarút’

Tiny Kox yn petear mei oare dielnimmers oan de DINGtiid-byienkomst © DINGtiid / Bart Maat
It Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen fan de Ried fan Europa is belangryk en weardefol, mar oant no ta noch net in suksesferhaal. Dat seit Tiny Kox, foarsitter fan de assemblee fan de Ried fan Europa.
Kox die syn útspraak op de DINGtiid-byienkomst yn Den Haag oer it 25-jierrich jubileum fan It Hânfêst. Dat hânfêst ferplichtet lidsteaten om de minderheidstalen yn dat lân te beskermjen, te befoarderjen en te ûntwikkeljen. Nederlân hat dat hânfêst 25 jier lyn rafitisearre foar it Frysk en ek, op in leger nivo, foar it Nedersaksysk, it Limburchsk, it Jiddysk en it Sinti en Romanes.
De assemblee fan de Ried fan Europa is in oerlisfoarum fan de 47 lidsteaten oer saken dy't te krijen hawwe mei de hanthavening fan de minskerjochten en it befoarderjen fan de demokrasy en de rjochtsteat.

Leit gefoelich

"Dertien lidstaten hebben het Handvest helemaal nog niet ondertekend. Acht andere hebben het wel ondertekend, maar nog niet geratificeerd." Kox begrypt dat wol. "Het Handvest is een redelijk uniek instrument. Het officieel erkennen én bevorderen van een andere taal dan de eerste staatstaal ligt in sommige delen van Europa politiek nog steeds gevoelig."
De wurking fan it Hânfêst wurdt meikoarten besprutsen yn it parlemint fan de Ried fan Europa, dêr't SP'er Kox foarsitter fan is. Ek de lannen dy't it Hânfêst wol ratifisearren binne net allegearre entûsjast.
Guon dêrfan, ek Nederlân, hawwe by de Ried fan Europa klage oer de neffens harren ridlik omslachtige trijejierlike evaluaasje. Dy saneamde monitoaring wurdt tenei om de fiif jier dien. "Maar dan hebben lidstaten geen enkel argument meer om te laat te zijn met hun rapportage", warskôget Kox.
De verplichtingen zijn hard, Nederland moet zich daaraan houden.
Tiny Kox
Ek soe it Hânfêst neffens kritisy te frijbliuwend wêze, want der binne gjin sanksjes foar lidsteaten dy't harren net oan de ôfspraken hâlde. Kox fynt dat lêste in swak argumint. "Het ondertekenen van het Handvest is een verplichting die lidstaten vrijwillig zijn aangegaan, niemand heeft ze daartoe gedwongen. Die verplichtingen zijn hard, Nederland moet zich daaraan houden."
Neffens Kox is it dêrby wol saak dat Fryslân, mar ek Limburch en it Nedersaksysk taalgebiet, foldwaande druk útoefenje op it Nederlânske regear en de Twadde Keamer.
Tiny Kox fynt dat Nederlân wol wat mear dwaan mei mei it Hânfêst foar minderheidstalen © DINGtiid/Bart Maat
Nederlân wie yn 1998 ien fan de earste fiif lannen dy't it Hânfêst ratifisearren, wêrtroch't it ynternasjonale ferdrach yn wurking gie. Nederlân docht it neffens Kox net min, mar hy sjocht wol romte foar ferbettering. "We zijn zeker niet de slechtste leerling. Maar we moeten niet arrogant zijn, we zijn zeker ook niet de beste leerling."
Neffens de lêste rapportaazje fan it Committee of Experts moat Nederlân mear dwaan oan it it Frysk op skoalle en ek oan de posysje fan it Frysk op de rjochtbank. "Daar moet Nederland stappen zetten. Dat geldt ook voor de positie van het Limburgs en het Nedersaksisch."

Mear lidsteaten wrakselje

Nederlân is neffens Kox net de iennichste lidsteat dy't wrakselet mei it foldwaan oan de ferplichtings yn it Hânfêst. "Dat komt meer voor. Het is daarom van belang dat je de evaluatierapporten van de Raad gebruikt als inspiratie om kleine stappen vooruit te zetten."
Yn guon gefallen kin it dan nedich wêze om ekstra jild frij te meitsjen, bygelyks foar de rjochtbanktolken. "Als er geen middelen zijn, ben je gauw uitgepraat, dat is in elke taal hetzelfde."

Lokaal hânfêst

Bestjoerskundige Heinrich Winter fan Campus Fryslân fan de RUG pleite op de byienkomst foar de yntroduksje fan in lokaal hânfêst op gemeentlik nivo om sa de ynwenners mear by it taalbelied te belûken.
Wethâlder Jan Dykstra fan de gemeente Waadhoeke sjocht wol wat yn dat foarstel, sa sei er yn syn reaksje op it ferhaal fan Winter. Hy wol it idee ek ynbringe yn de feriening fan Fryske gemeenten.

Beheinde politike belangstelling

It grutste part fan it publyk op de byienkomst fan DINGtiid yn Den Haag kaam út Fryslân. De politike belangstelling bleau beheind oan it Ljouwerter Twadde Keamerlid Harry Bevers (VVD). Oare Keamerleden moasten ôfsizze, ûnder oare fanwege it Keamerdebat oer de parlemintêre enkête oer Grinslân.
Provinsjale Steaten wiene ek behindere fanwege harren yntroduksjeprogramma op It Amelân. Njonken Fryske organisaasjes wiene ek sprekkers fan it Limburchsk en it Papiamentu oanwêzich op de byienkomst oer it Hânfêst. De lêste taal is troch Nederlân noch net taheakke oan it Hânfêst troch regionale en minderheidstalen.
Tiny Kox oer it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen