Boargemaster Buma slút wenning yn Ljouwert nei fynst himpkwekerij mei 241 planten

In himpkwekerij © ANP
Boargemaster Sybrand Buma hat in wenning oan de Annie Westlandstraat yn Ljouwert slute litten om't der in himpkwekerij fûn is. Yn de wenning binne 241 planten oantroffen.
Twa keamers fan de wenning wiene ynrjochte foar de kwekerij. It waard op in profesjonele wize draaiende holden. Dat wie te sjen oan de koalstoffilters, assimylaasjelampen en fentilatoaren dy't oanwêzich wiene.
Dit is foar de sechsde kear dit jier dat boargemaster Buma in wenning sluten hat.