Fryske Amerikanen helpe Fryske boer dy't troffen is troch grutste stâlbrân yn Texas ea

De brân by de Fryske boer © Castro County Sheriffs Office
Dat Friezen inoar ek yn it bûtenlân de helpende hân biede waard dizze wike mar wer ris bewiisd yn de Amerikaanske steat Texas. Elizabeth de Vries-Dijkstra, earder fan Eanjum, hat yn Texas in helpaksje opset foar it troch brân troffen bedriuw fan de Fryske boer Frank Brand.
Neffens Amerikaanske media kamen by de brân 18.000 kij om it libben en rekke ien meiwurker slimferwûne.

33 bedriuwen helpe

De Friezinne hat regele dat de tachtich meiwurkers fan it bedriuw de kommende trije wiken in lunch krije. "Yn Amearika is it hiel normaal dat iemand wat freesliks meimakket en der gebeurt wat yn in gesin of mei bedriuwen dat der dan iten brocht wurdt", seit De Vries-Dijkstra tsjin RTV NOF.
"It lêste dêr't se no oan tinke dêr is om lunch te meitsjen of te keapjen", seit De Vries-Dijkstra. Yn totaal helpe 33 bedriuwen út de omjouwing mei it fersoargjen fan de lunch. "As we noch langer as trije wiken trochgean moatte, dan binne der noch wol fyftich bedriuwen yn de rige dy't wol helpe wolle."

Slachtoffer op de intensive care

It bedriuw South Fork Dairy fan Brand stiet yn Dimmitt, in plakje yn it noarden fan Texas mei goed 4.000 ynwenners. Oan de brân gie in eksploazje foarôf. It is noch net dúdlik hoe't it koe dat de brân sa fluch om him hinne gripe koe. It ferwûne slachtoffer leit noch op de intensive care, meldt CNN.
De finansjele skea wurdt rûsd op seker 36 miljoen dollar.