Untflechtsje of fusearje, ried Tytsjerksteradiel is der noch net út

Yn de riedsfergadering fan 13 april waard der wiidweidich praat oer de takomst fan Tytsjerksteradiel. Dat de wurkmaatskippij 8KTD mei Achtkarspelen op dizze manier net trochsette kin binne de riedsleden it oer iens, mar oer hoe't it no fierder moat, is de ried ferield.
Yn de hjoeddeistige gearwurking tusken Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel jouwe amtners oan dat de wurkdruk te heech is, wêrtroch 't der in soad ferrin en sykte is. Dat hjir in oplossing foar komme moat is dúdlik, sa fynt ek de ried. De oplossing is allinnich net foar elkenien dúdlik.
Untflechtsjen
De fraksjes fan BVNL en FNP binne dúdlik oer harren stânpunt: Tytsjerksteradiel moat selsstannich bliuwe. Dat soe ek betsjutte dat der in amtlike ûntflechting komt, wêrby 't alle domeinen, de meiwurkers en alle bedriuwsfieringsmiddels wer ûnder brocht wurde moatte by de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen.
Fúzje
In oare mooglikheid is dat beide gemeenten fusearje ta in nije gemeente. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel geane dan amtlik én polityk-bestjoerlik op yn ien gemeente. De nije fúzjegemeente kin op ferskate wizen foarmjûn wurde. Foar de ChristenUnie en it CDA giet hjir de foarkar nei út.
Proses
Foar de oare partijen (VVD, PvdA-GrienLinks en D66) is de kar noch net sa maklik. Sy hawwe noch fragen en fine ek dat it proses foarôfgeand oan it beslút goed barre moat.
Wethâlder Tytsy Willemsma kaam mei it foarstel om bygelyks in ekspert meeting te hâlden om hjiryn ekstra ynformaasje te bepraten, en om foar 1 july in foarnommen beslút te nimmen sadat der dêrnei op de goede wize op partisipearre wurde kin.
Hjir waard posityf op reagearre troch de ried. Nei in koarte skorsing waarden de yntsjinne moasjes behannele. De moasje fan PvdA-GrienLinks, CDA en ChristenUnie waard oannaam wêryn't de ried it kolleezje freget om foar 1 july 2023 in foarnommen beslút foar te lizzen. Nei dit foarnommen beslút kin dan in trajekt rjochting de ynwenners ûntwikkele wurde.