Toeristebelesting Fryslân minder hurd tanaam as ôfrûne jier

Op fakânsje yn Wâldsein, dêr't je no yn trochsneed 1,25 euro toeristebelesting de nacht betelje © ANP
Yn Fryslân betellest yn trochsneed 1,93 euro oan toeristebelesting de persoan de nacht. Ferline jier wie dat noch 1,85 euro. It bedrach is tanaam, mar wol minder hurd as lanlik it gefal is.
Dat docht bliken út in ûndersyk fan in ferlikingswebside foar fakânsjeparken. De grutste tanimming fan de toeristebelesting yn Fryslân is yn gemeente Amelân, mei 13,2 persint. Dochs is Weststellingwerf, krekt as ôfrûne jier, noch altyd de djoerste gemeente, dêr betellest 5,21 euro de persoan de nacht.

Allinne Waadhoeke noch fergees

Yn Dantumadiel bist just relatyf goedkeap út, dêr is it 1 euro. Waadhoeke is sels fergees. Ferline jier wie it yn Smellingerlân ek noch fergees, mar dêr wurdt no foar it earste jier belesting heft. Dêr betellest no 1,50 euro de persoan de nacht.
Om't gemeenten de belesting op ferskate wizen berrekenje is in standertsituaasje as basis naam foar it ûndersyk: in hotel fan trije stjerren fan goed 130 euro de nacht. De data komme fan it CBS, it Coelo en ferskate oerheidswebsiden.
Yn Noard-Hollân wurdt gemiddeld de measte belesting heft. Dêr betelje fakânsjegongers 3,16 euro. Yn Amsterdam is de toeristebelesting mei 12,12 euro de persoan de nacht it heechst.