Selstraffen easke tsjin twa brânstichters yn Drachten

By in rjochtbank © ANP
Tsjin twa manlju dy't ferline jier brân stichten by in flat oan de Wielewalen yn Drachten is twa jier sel easke, wêrfan ien ûnder betingst. It giet om in 45-jierrige Drachtster en in 40-jierrige man sûnder fêst wenplak.
De brân wie deun njonken de gevel fan in flat. Dêrtroch rûnen ek minsken gefaar, sa sei de offisier fan justysje. Troch de wyn stie de sintrale hal fan de flat fol mei reek, wylst dat de iennige mooglikheid is om de flat te ferlitten.
De ien hie in jiskepûde op 'e brânbult smiten, de oar in âld bankstel dat er út in berging sleept hie. Dochs holden de manlju fol dat sy de brân net oanstutsen hiene. Se hiene beiden alkohol op. Eartiids wennen sy yn de flat, mar no net mear.
De offisier fan justysje fynt in wurkstraf te leech, dêrom folge de eask foar in selstraf. Op 26 april folget útspraak troch de rjochter.