Nije bestimming tsjerke Wolvegea socht, gemeente wol it by it griene hert

De protestantske tsjerke yn Wolvegea, de 'Kerk op de Hoogte' út 1646 © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De protestantske gemeente Wolvegea wol de Tsjerke op 'e Hichte ôfstjitte. Gemeente Weststellingwerf hopet op in nije bestimming en dat de njonkenlizzende bosk by it takomstige griene hert fan Wolvegea komt.
De PKN yn Wolvegea wol alle tsjerklike aktiviteiten byinoar bringe yn de Ichtustsjerke mei sealesintrum De Rak en it jongereingebou Area 51.
It betsjut dat de âlde tsjerke yn it sintrum fan Wolvegea in nije bestimming krije moat. In kommisje hat de opdracht krigen om dit jier noch mei in advys te kommen. Dat giet net allinne om it tsjerkegebou, mar ek om de pastorij, sealesintrum De Ark, de behearderswente en de lytse bosk njonken de tsjerke.
Der soene yntusken al in pear oriïntearjende petearen west hawwe. De tsjerkeried jout oan graach in weardige en passende funksje foar it Godshûs te wollen.

Wethâlder wol it by de griene sône

Gemeente Weststellingwerf fynt de tsjerke byldbepalend foar Wolvegea en wol it gebou ek graach bewarje. Wethâlder Roelof Theun Hoen wol de tsjerke en de efterlizzende bosk graach belûke by de grutte plannen foar it sintrum fan Wolvegea.
It plan sa't de gemeente it earder bekend makke, mei de tsjerke boppe-oan en Huize Lindenoord ûnderoan © Weststellingwerf
Weststellingwerf lûkt 20 miljoen euro út om it sintrum op te knappen yn de kommende sân jier. Underdiel fan de plannen foarmet in park om it Pastorieplein hinne: it moat it griene hert fan Wolvegea wurde. Under de grûn komt parkearplak foar sa'n 130 auto's. De gebouwen tusken it plein en de winkelstrjitte wurde sloopt.
Der komt in griene sône fan Huize Lindenoord oer it Pastorieplein nei de tsjerke en de bosk, sa is de bedoeling. Hoen hat oanjûn de bosk by de tsjerke net oernimme te wollen, mar it ûnderhâlden en iepenstellen soe wol in opsje wêze kinne.
Wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân
De Kerksteeg tusken de winkelstrjitte en de tsjerke soe ek wer in moaiere funksje krije kinne. Hoen docht fierder de suggestje om in ferdwûne poarte op 'e nij te bouwen, dy't noch op in 18e-iuwske tekening ôfbylde stiet. Oft fan sa'n suggestje echt wat op 'e hispel komt, is noch net dúdlik makke.
De Tsjerke op 'e Hichte is in Ryksmonumint dat yn 1646 boud is op in terp, yn opdracht fan de grytman Dirk van Baerdt. Parten fan in âldere tsjerke op dat plak binne doe op 'e nij brûkt. De âlde tsjerke wie wijd oan Maria Magdalena.
Yn de tsjerke sitte noch in preekstoel, doophek, twa 17e-iuwske hearebanken, roubuorden en in 18e-iuwsk oargel. Under de tsjerke leit in grêfkelder, dêr't leden fan de famylje Van Haren begroeven binne.