Op dizze Fryske N-diken barre de measte ûngelokken

De diken dy't nei foaren komme yn it ûndersyk © Omrop Fryslân
Fan alle N-diken dy't troch Fryslân rinne, jildt de N979 tusken Haulerwyk en de grins mei Grinslân as it gefaarlikst. Ut in troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat ynsteld ûndersyk docht bliken dat Fryslân noch fjouwer N-diken telt dy't ûnfeilich neamd wurde kinne.
Tusken 2017 en 2021 hienen op it bewuste trajekt tusken Haulerwyk en Grinslân ien deadlik ûngelok en sân ûngelokken mei ferwûnen plak. De sifers binne sammele troch it ûndersyksbureau Sweco, dat dêrta opdracht krigen hie fan it ministearje nei't PVV-Keamerlid Barry Madlener in moasje yntsjinne hie foar sa'n ûndersyk.
It dieltrajekt fan de N979 rint fan Haulerwyk troch it Drintske buertskip Een-West yn de rjochting fan Zevenhuizen nei de grins mei Grinslân. Yn de ranglist fan alle N-dieltrajekten komt dizze dyk op it fjirde plak fan Nederlân as je sjogge nei de kâns op in slim ûngelok.
De N979 tusken Haulerwyk en Een-West © Google Street View
Op in drokke en lange dyk barre fansels mear ûngelokken as op in koarte en rêstige dyk. Om de ferskate N-diken dochs mei elkoar fergelykje te kinnen hawwe de ûndersikers sjoen nei hoe lang oft in dyk is en hoefolle auto's oft der delkomme. Op basis dêrfan hawwe se it risiko berekkene.

Tritich deadlike ûngelokken

Yn totaal barden der yn Fryslân yn de fiif ûndersochte jierren tritich deadlike ûngelokken op N-diken. Dêrby kamen 34 minsken om it libben. Der wienen 319 ûngelokken mei yn totaal 403 ferwûnen. Yn totaal telt Fryslân 581 kilometer oan N-diken.
Yn 1976 waarden alle grutte diken fan Nederlân foarsjoen fan in nûmer, de autosneldiken krigen in A, de oare diken in N.
It grutste part fan de N-diken yn Nederlân, goed 90 persint, wurdt beheard troch de provinsjes. Goed 8 persint is de ferantwurdlikheid fan it Ryk en it oare diel is yn gemeentlike of private hannen.
Oer it algemien jildt dat de N-diken dy't nûmere binne ûnder it getal 100 beheard wurde troch it Ryk.
De Fryske N-dyk mei de measte ûngelokken is de N381. Dy dyk rint fan Drachten nei Emmen, ûnder mear lâns Donkerbroek, Easterwâlde en Appelskea. Dêr barden 6 deadlike ûngelokken en 44 ûngelokken mei slachtoffers.
De maatskiplike kosten troch dy ûngelokken wurde yn totaal rûsd op 13,2 miljoen euro yn it jier. Dêrmei komt dy dyk op it 20ste plak yn de ranglist fan alle Nederlânske N-diken, as je sjogge nei it tal ûngelokken.
Ek de N361 fan Ryptsjerk nei Grins, yn Fryslân ek wol de Lauwersseewei neamd, skoart mei in 24ste plak heech. Op dy N-dyk, dy't ûnder mear by Lauwerseach, Dokkum en Aldtsjerk delkomt, barden yn fiif jier 5 deadlike ûngelokken en 45 ûngelokken mei slachtoffers. Dat koste de mienskip 12 miljoen euro yn it jier.
De N361 by Lauwerseach © Google Street View
Op in koart stikje fan de N32 - de 1,9 kilometer tusken Werpsterhoek en Wurdum - barre neffens it ûndersyk relatyf in soad ûngelokken. Mei ien deadlik ûngelok en trije ûngelokken mei ferwûnen skoart dit stik dyk mei in fjirtjinde plak heech yn de list fan ûngelokstichtheid.
Dy lytse twa kilometer koste de mienskip 1,7 miljoen euro yn it jier.

Boalsert en Boksum

Op de N359 tusken Boalsert en Boksum moatte minsken der ek om tinke. Dat dieltrajekt dat ek by Wommels en Winsum delkomt, is mei trije deadlike ûngelokken en fyftjin ûngelokken mei slachtoffers it Fryske dieltrajekt mei de measte ûngelokken.
It kostet de mienskip 5,8 miljoen euro yn it jier en stiet op it 14de plak fan alle Nederlânske N-diken, as je sjogge nei it tal ûngelokken.

Minister wol ynsette op ferbettering

"Het onderzoek bevestigt dat aandacht nodig blijft voor het verbeteren van de verkeersveiligheid van N-wegen", seit minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat yn reaksje op it ûndersyk. "De inzet blijft daarom om de verkeersveiligheid van N-wegen te verbeteren."
De minister lit fierder witte dat der 200 miljoen euro beskikber steld is troch it Ryk om de ferkearfeiligens te ferbetterjen. Hy ûnderstreket wol dat it Ryk mar ferantwurdlik is foar goed 8 persint fan de N-diken, mar seit wol de oare oerheden te stypjen, ûnder mear mei jild, by it trochfieren fan ferbetteringen.