Winterkampearders kinne yn Fryslân de sliepsek yn: "Fantastysk nijs"

Campingeigenaren meie yn Fryslân sels bepale hoe lang sy iepen bliuwe © ANP
Fan dit jier ôf is it mooglik om ek nei 1 okober dyn tintsje op Fryske campings del te setten. Mar wa wol dat, by 4 graden en motrein? Yn elts gefal Remco de Vries út Gau, in fûleindich wyldkampearder. "Heerlik, yn in tent sliepe as it friest."
Op fierwei de measte plakken yn Fryslân binne campings iepen fan 1 april oant 1 oktober. Lytsskalige campings dy't yn de hjerst en winter trochgean wolle, hiene dêr altyd in ûntheffing foar nedich. Oant no. Koart lyn hat Provinsjale Steaten besletten dat campingeigenaren fan no ôf altyd plak biede meie oan fakânsjegongers.
Dus ek yn de winter. Want net foar eltsenien is in strakblauwe loft en 27 graden it dreamde fakânsjewaar. Neffens guonen kinne kjeld, snie en rein bêst tegearre mei in noflik campingferbliuw.
Remco de Vries (51) út Gau wit dêr alles fan. Al fan syn 17e jier ôf lûkt er geregeld mei syn tintsje nei Noarwegen om dêr genietsje te kinnen fan de ûnoantaaste natuer. No't der ynkoarten ek yn Fryslân mear mooglikheden wêze sille yn de winter kampearjen te gean, krûpt er miskien ek dêr yn de sliepsek. "It liket my geweldich om yn de hjerst en winter op de Waadeilannen te oernachtsjen."
© Omrop Fryslan

Remco, winterkampearje, wat is dat?

"Technysk sjoen is it ienfâldichwei kampearje yn de winter. It is dus seizoensbûn. Yn Nederlân hast dêr ferskate lokaasjes foar. Oernachtsje dochst yn in tinte, karavan of kamper. Sels oernachtsje ik elts jier yn in tintsje yn Noarwegen. Dat doch ik yn de simmer of hjerst, mar wol yn winterske tafrielen. Dêrom ried ik my op in soad plakken itselfde ta as minsken dy't yn Nederlân winterkampearje."

Wat foar materiaal moast hjir foar meinimme?

"Dyn útrissing is troch de kjeld hiel wichtich. It begjint mei in goede tinte. It is ferstânnich om in trije- of fjouwerseizoenstinte mei te nimmen. Dy hawwe flappen oan de sydkant sa't der gjin snie nei binnen waaie kin. Ek soarget er foar in goede fochtregulaasje.
As je snie of dei- en nachtfroast ferwachtsje , is in fjouwerseizoenstinte it tûkst. Katoen is hiel noflik, mar gjin opsje as je alles op'e rêch meinimme moatte. It is wol better as bygelyks nylon. As't hjir net om tinkst, wurdt de tinte wiet en krijst kondinsjefoarming.
Remco de Vries zet in Noorwegen graag zijn tent op bij koudere temperaturen © Remco de Vries
Wat ek by in goede winterkampearset heart, is in geskikt sliepmatsje. Dat moat goed isolearre wêze. In matsje mei dûns deryn fielt faak waarm oan. Dêrneist is in waarme sliepsek fan belang. As ik yn de hjerst nei Noarwegen sil, haw ik der ien mei dy't my sels waarm hâldt as it bûten -28 is."

Hoe dochst it mei iten siede?

"Mochtest yn in camper of caravan kampearje, dan hoechst dy oer de waarmte faak gjin soargen te meitsjen. Boppedat kinst deryn iten siede. Op guon campings binne foarsjennings dêr'tst iten meitsje kinst. Mar as dy der net binne, dan moast rekken hâlde mei in sterke wyn. In tarp kin dan útkomst biede: Dat is in plestik tintedoek dy'tst ienfâldich mei stokjes opsette kinst. Dy hâldt dy drûch en blokkearret de wyn.
By it iten siede moast in brânstof brûke dy't tsjin de kjeld bestân is. Spesjaal wintergas bygelyks
Remco de Vries
Foar it iten siede kinst gassteltsjes brûke. Mar mei regulier gas slagget it net altyd. Dat komt troch de lege temperatuer, dêrtroch in it befrieze. Moast in brânstof brûke dy't dêrtroch bestân is. Spesjaal wintergas bygelyks."

Wat makket winterkeampearje oanloklik?

In soad minsken kampearje leaver yn de simmer fanwegen de waarmere temperatuer. Ik fyn dy waarmte net noflik. De kjeld fyn ik just moai. It is hearlik om yn in tinte te sliepen as it friest.
It winter-bestendige tintje fan De Vries © Remco de Vries
Dêr komt by dat ik yn alle seizoenen genietsje kin fan de natuer. Seker ek as it hjerst of winter is. Dan sil ik net oernachtsje yn in hotel. Dêr fiel ik my sa opsletten. Ik wol my just yn de natuer bejaan.
En yn Nederlân falle de winterske omstannichheden fansels bot mei. Op syn heechst lichte froast. Mar de kâns dat der in tsjok pak snie foar de tinte leit, is hiel lyts. Ik bin ek wol wat wend; fanwege de hege enerzjykosten, liet ik fan 't winter de ferwaarming út. By my thús wie it op in stuit 11,5 graden."

Wat fynsto fan it beslút fan de provinsje?

"It is fantastysk nijs dat eigeners fan campings de slutingsdatum ferskowe kinne. Ik bin hiel benijd hoe drok oft it wurde sil. It moat fansels wol rendabel wêze.
Wat dêrby helpe kin is dat se op de camping yn alle gefallen in dûs en húske hawwe, mar dat je de rest sels regelje moatte. Dat skeelt de camping al flink wat gas- en elektrakosten.
It liket my geweldich om yn de hjerst en winter op de Waadeilannen oernachtsje te kinnen. Yn oktober hast boppedat de fûgeltrek. Dy kinne je goed observearje op de eilannen. Ek by kâldere temperatueren binne dit dus prachtige plakken foar in natuerman as ik."