Frysk teäter giet mear en mear oer maatskiplike ûnderwerpen: "Se hingje gewoan yn de loft"

Tryater is lang net mear it iennige profesjonele selskip yn Fryslân. It Fryske teäterlânskip is de lêste jierren noch riker wurden en fan in heger nivo. In grutte profesjonele nijkommer is Pier21, dy't in soad sukses hat. Wêr sit dat sukses yn en wat is de rol fan Tryater?
Pier21 is yntusken net mear wei te tinken út Fryslân. David Lelieveld rjochte it selskip tsien jier lyn op, dat bekend stiet om de maatskiplike ûnderwerpen dêr't se teäter oer meitsje. "De ûnderwerpen hingje gewoan yn de loft", fertelt Lelieveld.
"It binne de ûnderwerpen dêr't men oer praat en oer neitinkt." Dan giet it om stikken as 'Wat Soesto!' oer it boerelibben, 'De Emigrant' of 'Kanoet'.
Frysk teäter giet mear en mear oer maatskiplike ûnderwerpen
It selskip is op it stuit dwaande mei in foarstelling oer de ôfskaffing fan it slavernijferline. It is in ûnderwerp dat Lelieveld oan it hert giet. "It is ûnderdiel fan ús maatskippij dêr't in soad ûnwittendheid oer is en dat giet al jierren sa."
We moatte minsken mei elkoar yn kontakt komme litte: lústerje mar ris nei elkoar en dan tinkst der yn ien kear oars oer.
Hy fynt dat it ferhaal yn Fryslân ferteld wurde moat. "We moatte minsken mei elkoar yn kontakt komme litte: lústerje mar ris nei elkoar en dan tinkst der yn ien kear oars oer. Dát kinne we mei teäter dwaan!"
Fernijing
Ek Tryater makket teäter oer dizze tiid, mar se sjogge ek in oare rol foar har weilein, fertelt artistyk direkteur fan Tryater, Tatiana Pratley. "Tagelyk hawwe we ek each foar fernijing yn de teäterwrâld yn Nederlân en ynternasjonaal. Wy fiele ús ek útdage om op in nije wize te sjen nei wat teäter allegearre wêze kin, om dat te bringen."

Dat falt resinsint en âld-teäterdosint Gooitsen Eenling ek op. "Dêrtroch lit Tryater it somtiden wat ôfwitte, mar dat heart ek by it eksperimintearjen. Der mei wolris in kear wat fout gean."
As foarbyld hellet hy de foarstelling 'Romte' oan. "De foarm - in sitcom - soarget derfoar dat it doel fan de foarstelling net berikt wurdt. It neitinken oer wat wenromte betsjut snijt ûnder troch de wat platte humor."
It grutte publyk
Jos Thie - 30 jier lyn oan it roer fan Tryater en no belutsen by Pier21 - hopet dat Tryater harren publyk net út it each ferliest. "Iedereen stelt natuurlijk eisen aan het grootste theatergezelschap van Fryslân. Het is belangrijk dat ze dit zelf gaan definiëren en daar zijn ze heel goed toe in staat. Heel persoonlijk hoop ik dat ze in de toekomst het contact met het grote publiek behouden en uitbouwen."

Tryater is ien fan de njoggen lanlike teäterselskippen dy't yn de saneamde BIS sitte: de basisynfrastruktuer. Dêrtroch krije se alle jierren hast 1,7 miljoen euro lanlike subsydzje. "We meitsje teäter foar alle Friezen en ik fyn it allegearre like wichtich: fan grutte lokaasje- oant skoalfoarstellings, ek al is it net altyd like sichtber", seit Pratley.
Se moatte lanlik oan in soad betingsten foldwaan, lykas talintûntwikkeling, tagonklikheid of dwaande wêze mei ynklúzje. "It is in moaie puzel om mei dwaande te wêzen."
Thie sjocht it publyk fan Tryater feroarjen. "Ik vind het heel goed dat ze op zoek zijn naar een jonger publiek. Ik hoop niet dat het ene publiek wordt ingeruild voor het andere. Ik vind het het mooiste als het ene publiek verbonden wordt met het andere publiek."

"We hawwe der yndie in hiele nije doelgroep by en dat komt troch bygelyks in foarstelling as Under Wetter", reagearret Pratley. "We wurken mei ferskate generaasjes neist elkoar. Neist in Joop Wittermans of Tamara Schoppert spilet ek Mattheüs Douwes, in nij Frysk talint, mei. Ik siet in kear tusken in mem mei har soannen op de tribune. De mem sloech bot oan op it ferhaal fan Tamara en de jonges op Mattheüs. Ik fyn dat prachtich."
Fan alle tiden
Neffens resinsint Eenling is teäter fan alle tiden en miskien no sels wol mear as oait, mei al de feroarings dy't op ús ôfkomme. "Teater hat in direkte foarm - sitst der echt by - en dat sprekt oan. Dat is it unike fan teater. It giet oer minsken dy't stride mei de dingen yn harren libben. Ast minsken relevant oer saken neitinke litte wolst, dan moatst dat mei teater dwaan."
Harkje nei de reportaazje
Fjouwerdielige rige oer Fryske teäterwrâld
Tëater sit de Friezen yn it bloed. It nivo fan de amateurs, lykas de iepenloftspullen, is troch de jierren hinne heger wurden. Ek wurdt, neist Tryater, mear profesjoneel wurk makke yn Fryslân troch bygelyks Pier21. Jonge makkers sjogge Fryslân mear en mear as plak dêr't se harren ûntwikkelje kinne, hjir spilet Tryater in belangrike rol yn.
Omrop Fryslân stiet yn in fjouwerdielige rige stil by de ûntwikkelingen yn de Fryske teäterwrâld: op tongersdei fan 30 maart oant en mei tongersdei 20 april. Mei ferhalen online, op telefyzje yn Fryslân Hjoed en yn it radioprogramma No yn Fryslân.