Europa jout Lelyline grien ljocht: "Ik heb net een Kaagje gedaan"

De Transportkommisje fan it Europeesk Parlemint hat de nije Europeeske TEN-T-transportkaart foar wichtige ynternasjonale ferbinings unanym oannaam. Op de nije kaart komt ek de Lelyline te stean as ûnderdiel fan de ynternasjonale spoarferbining fan Amsterdam oer Drachten en Grins nei Bremen.
It amendemint oer de Lelyline as nije spoarferbining mei Dútslân waard ek mei in grutte mearderheid oannommen.
Troch it opnimmen fan de Lelyline op de Europeeske transportkaart kin de nije spoarline yn oanmerking komme foar Europeeske subsydzje, alteast as de spoarline oanlein wurdt as ûnderdiel fan in ynternasjonale ferbining.
Underhannelings kinne begjinne
De grutte stipe foar it nije TEN-T-programma betsjut dat it Europeesk Parlemint, de lidsteaten en de Europeeske Kommisje no ek de ûnderhannelings begjinne kinne oer it útwurkjen fan alle transportambysjes. Foar nije projekten, lykas de Lelyline, kin in berop dien wurde op it Europeeske Connecting Europe-fûns.
Europa betellet yn prinsipe mar in beheind diel fan de begrutting fan nije projekten op it mêd fan ynfrastruktuer. It heechste bedrach dat oant no ta útkeard waard foar in nije spoarferbining, is 1,1 miljard. De krekte kosten fan de Lelyline binne noch net bekend, mar saakkundigen hâlde rekken mei in bedrach dat oprinne kin oant 9 miljard. It Nederlânske kabinet hat der 3 miljard foar reservearre.

Yn desimber joegen de Europeeske ministers fan transport al grien ljocht foar it opnimmen fan de Lelyline op de nije TEN-T-kaart fan 'haadtransportkorridors'. Op de besteande TEN-T-kaart fan wichtige spoarferbinings is noardlik Nederlân en ek Noardwest-Dútslân noch hielendal leech, ta argewaasje fan de provinsjes Fryslân en Grinslân.
"Belangrijke stap"
"Je zult begrijpen dat ik net even een Kaagje heb gedaan", seit deputearre Avine Fokkens (VVD) oer de stimming yn it Europeesk Parlemint. Fokkens doelt dêrmei op de dûns op tafel fan de D66-politika nei de winst by de Twadde Keamerferkiezings. "Het is echt een belangrijke stap dat het Europees Parlement de Lelylijn in combinatie met de Wunderline erkent als een belangrijke internationale treinverbinding."

De Wunderline is de namme fan it Nederlânsk-Dútske projekt om de spoarferbining tusken Grins en Bremen wer by de tiid te bringen. Dy ferbining is al sûnt 2015 ferbrutsen, troch in earnstige oanfarring fan in frachtskip mei de Friesenbrücke.
Dútslân is op it stuit dwaande mei de bou fan in nije Friesenbrücke. Sadree't dy klear is kin Arriva wer treinen ride litte fan Grins nei Leer en Oldenburg.

Fokkens hat har as deputearre yntinsyf dwaande hâlden mei it lobbyen foar de Lelyline yn Den Haag en yn Brussel. Se sjocht dêrby in tanimmend entûsjasme foar de nije spoarferbining by politisy út Dútslân en de Skandinavyske lannen.
Plannen Italië en East-Europa
Sadree't de nije TEN-T-kaart definityf fêststeld is, kinne lidsteaten ek oanfragen yntsjinje foar nije ynternasjonale projekten op it mêd fan ynfrastruktuer. Nederlân is seker net de iennichste lidsteat dy't dat dwaan sil. Ek Italië en ferskate lannen yn East-Europa hawwe plannen foar nije ynternasjonale spoarferbinings.
Troch de unanime stimming yn de transportkommisje fan hjoed wurdt de plenêre stimming yn Straatsburg fan nije wike sjoen as in formaliteit.